Provinsjaal foarbyld fan Sûnens & Wolwêzen: A&O– fûns

Yn in sirkulêre ekonomy draait it om minsken en de wrâld om ús hinne. Wy wurkje oan in maatskippij dêr't wenje, ite, bewege en ûntwerpe bydrage oan in sûn en noflik libben. In écht sirkulêre oanpak giet fierder as materialen en produkten: it giet oer hoe't wy mei-inoar libje. Tink oan noflike, sûne wenten, lokaal en earlik iten, romte om te bewegen en yn ferbining wêze mei oaren. Alles draacht by oan in ekonomy dy't it wolwêzen fan minsken fuortsterket.

Dit klinkt fansels allegear hiel logysk. Yn de praktyk is dit allinnich lang net altyd sa fanselssprekkend. Tinksto by de útfiering fan dyn wurk ek watfoar effekt dat hat op dysels, op dyn kollega's of dyn klanten? En hoe sjochsto nei dyn eigen wenwyk of dyn eigen deistige rûtine? Us libben en ús omjouwing is foaral ynrjochte op effisjinsje: fluch en soarchfâldich hannelje. Wylst dit net altyd de meast sûne kar is.

Provinsje Fryslân en Sûnens & Wolwêzen 

Hasto wolris heard fan it A&O-fûns foar provinsjes? Kenst it faaks fan de 360 graden feedback foar it Goede Gesprek. Dêr meitsje wy ek gebrûk fan. Mar it A&O-fûns is folle mear! It A&O-fûns stipet alle provinsjes yn it fitaal en fleksibel hâlden fan de organisaasjes én de minsken dy't der wurkje. Elkenien dy't wurksum is binnen de sektor Provinsjes kin gebrûk meitsje fan harren oanbod. Us kollega's dus ek! Tegearre dogge wy ús bêst derfoar dat sy fitaal én mei wille it wurk dwaan bliuwe kinne sadat ús organisaasje oantreklik en dynamysk bliuwt.

Dat docht A&O-fûns troch trainingen, ynstruminten en oare stipe oan te bieden op in grut tal tema’s. De tema’s binne ‘Werkplezier, Ambtelijk Vakmanschap, Organisatiecultuur, Arbeidsmarkt, Vitaliteit & Duurzame Inzetbaarheid, Communicatievaardigheden, Digitale Ontwikkeling, Gezond en Veilig werken, Hybride Werken, Loopbaanontwikkeling en Medezeggenschap.’

Wistest datst in ôfgryslik soad oer dizze ûnderwerpen te witten komme kinst? Sa kinst as provinsjaal meiwurker fergees gebrûk meitsje fan e-learnings, e-books, filmkes, podcasts, testen, webinars, ûnderfiningsferhalen, tools, coaching, gearkomsten en trainingen sawol op lokaasje, hybride as online. 

Leechdrompelich oan'e slach en moaie ynsichten opdwaan, op nei de bêste ferzje fan dysels! Sjoch ris op de webside (Home - A&O-fonds Provincies) en ferken de mooglikheden ast sels ek wurksum bist by in provinsje.

Logo van het A&O fonds Provincies.