Kollega projektlieder trainee statushâlders

Sosjale Ynklúzje: in maatskippij dêr't elkenien folweardich yn meidocht en himsels wêze kin. Elkenien telt mei én draacht by. Nettsjinsteande ferskillen, of eins júst troch dat ferskaat yn kultueren, ideeën en perspektiven ûntstiet in fearkrêftige en ynklusive wrâld. Want in échte sirkulêre mienskip is pas kompleet as der romte is foar alle ferhalen en perspektiven om mei-inoar de takomst te kleurjen. 

Ek de provinsje Fryslân hechtet in soad wearde oan Sosjale Ynklúzje en duorsume ynsetberheid. Sa is der bygelyks ûnder statushâlders noch in soad potinsjeel talint ûnbenut. Esther Hofman, projektlieder traineeship fan statushâlders by provinsje Fryslân, sjocht dat alle dagen opnij. Se hat sels meiholpen mei opsetten fan it projekt rûnom statushâlders by de provinsje en is no begelieder. Esther Hofman: “By in wurk- en leartrajekt, of lykas by ús in traineeship, snijt it mes oan twa kanten: oan'e iene kant makkest rapper stappen yn de  deistige wurkpartisipaasje en de yntegraasje fan de statushâlders en oan'e oare kant helpt it de organisaasje by it oplossen fan arbeidskrapte en it bouwen oan in ynklusivere organisaasje.”

Fia dizze link kinst it folsleine ynterview fan Fryslân Werkt mei Esther lêze: 

Kijktip

Yn 2023 binne der opnamen troch Omrop Fryslân makke foar harren programma Fan Binnenút oer de Summerschool. Yn Fan Binnenút wurdt praat oer de nije Friezen op de arbeidsmerk. Us kollega Esther Hofman sit hjir ek by oan tafel. 

Summerschool

Sjoch hjir alle ôfleveringen fan de Summerschool werom: