Kollega’s fan team Enerzjy
Foarbyld út de praktyk: BioValue BV en de Fryske enerzjykringloop.
De provinsje Fryslân set foars yn op duorsume enerzjy en sirkulariteit. Biogas spilet dêryn in wichtige rol. Yn it Fryske Turns begûn it ferhaal fan BioValue op in boerehiem mei in ynnovative fergister. Underwilens ûntwikkelet en beheart dit bedriuw biogasynstallaasjes troch hiel Nederlân. Sirkulariteit en enerzjy komme hjir letterlik byinoar: dong wurdt fergist ta biogas, it restprodukt giet werom as dongstof it lân op. De ynstallaasje yn Turns wie boppedat ien fan de earste yn Nederlân dy't grien gas weromfierde op it ierdgasnet. Sûnt de oprjochting yn 2017 wreide BioValue út nei oare lokaasjes, wêrûnder Sint Nyk. Unyk: dit alles barde sûnder eksploitaasjesubsydzje. Troch ûnder mear stipe fan it Fryske FSFE is der ûnderwilens mear as 70 miljoen kúb griengas produsearre – wêrfan’t goed 40% ôfkomstich út Fryslân. Biogas is dêrmei net allinnich in duorsume enerzjyboarne, mar ek in wichtige pylder yn in sirkulêre ekonomy dy't op'e takomst rjochte is.
