Kollega’s belutsen by Wetter

Foar de provinsje Fryslân hat Douwe Penning ûndersyk dien nei wat de provinsje dwaan kin om saaklik drinkwettergebrûk te ferminderjen. 

Dit slút oan by ús sirkulêre ambysjes om soarchfâldich om te gean mei ús grûnstoffen. Syn ûndersyk fokust him op saaklik drinkwettergebrûk: hokker mooglikheden foar saaklik drinkwetterbesparring binne der? Hokker inisjativen binne der al yn de provinsje Fryslân? Hokker mooglikheden ûntsteane der troch wet - en regeljouwing om drinkwetter hinne? By dit ûndersyk binne der ferskate kânsen yn kaart brocht. Dêrby kin tocht wurde oan alternative wetterboarnen, it weromwinnen fan wetter & werbrûken en bewust sjen nei hoe't en wêr't drinkwetter tapast wurdt. 

Graach fertelle wy hjir mear oer by it Iepen Hûs Wetter om inoar te ynspirearjen en stappen te setten nei in sirkulêre takomst foar it Fryske drinkwetter!