Hoe laadt Fryslân him op foar de takomst?

Fryske Enerzjytransysje doelen:

  • Yn 2030 wurdt 33% fan de Fryske enerzjy duorsum opwekt
  • Yn 2030 wurdt 25% enerzjy besparre foar 2010

Stappen

De enerzjytransysje is in komplekse opjefte. It falt net ta om te skeakeljen nei duorsume enerzjyboarnen. Dêrom dogge we dat yn stappen. Faak wurdt dêrby de Trias Energetica oanhâlden.

Yn trije stappen wurdt de útstjit fan broeikasgassen as gefolch fan enerzjy beheind:

  1. Enerzjybesparring troch apparaten enerzjysuniger te meitsjen, gebouwen better te isolearjen en yndustriële prosessen te optimalisearjen is der minder enerzjy nedich. Wat der net nedich is, hoecht ek net opwekke te wurden.
  2. Ferduorsuming fan enerzjyboarnen de enerzjy dy't noch wol nedich is moat safolle mooglik fan duorsume boarnen as de sinne, de wyn en de boaiem komme.
  3. Effisjinte ynset fan fossile enerzjy as it net mooglik is hielendal fan fossile enerzjyboarnen ôf te stappen, moatte se sa effisjint mooglik brûkt wurde en de skealike effekten kompensearre wurde.

Foarmen

De enerzjytransysje bestiet net út ien omskeakeling dy't dien wurde moat. Foar de ûnderskate foarmen fan enerzjy binne ferskate omskeakelingen nedich nei duorsume enerzjyboarnen as sinne, wyn en ierdwaarmte. En ek yn de organisaasje fan it enerzjysysteem binne feroarings nedich om de enerzjytransysje slagje te litten. Der binne trije haadfoarmen fan enerzjy dêr't wy no fossile enerzjyboarnen foar brûke, dy't yn de enerzjytransysje ferfongen wurde moatte troch duorsume boarnen:

  1. Elektrisiteit sinnepanielen, wynturbines en wetterturbines.
  2. Waarmte duorsume waarmteoplossingen (lykas geotermy, akwatermy en duorsume gassen as grien gas en griene wetterstof).
  3. Brânstoffen biogas, biodisel en oare út biomassaazjemakke brânstoffen. Mar de echte transysje yn mobiliteit is de oergong fan de ferbrâningsmotor nei de elektromotor.

Enerzjyprogramma 2022 -2025

  1. Enerzjy yn de Mienskip Wy stimulearje en fasilitearje ynwenners en lokale inisjativen.
  2. Enerzjybesparring We sette yn op in Frysk plan foar enerzjybesparring.
  3. Opwek op 'e nij nijbere enerzjy Wy stimulearje de opwek fan enerzjy út duorsume boarnen.
  4. Waarmtetransysje We riede ús ta op de waarmtetransysje, mei bysûnder omtinken foar de rol fan akwatermy.
  5. Enerzjy Ynfrastruktuer Mei de netbehearders wurkje wy oan in robúst enerzjynetwurk.

Ik haw in fraach oer:

Op 'e hichte bliuwe?

Wolle jo witte wat oft der spilet op it mêd fan klimaat en enerzjy?  Meld jo oan(eksterne keppeling) foar ús digitale nijsbrief. Of folgje ús op Twitter: @energiefrl.  

Yn kontakt

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei provinsje Fryslân. Wy helpe jo graach mei jo enerzjyfrachen! Jo kinne freegje nei de meiwurkers fan team Klimaat en Enerzjy, se stean yn it Snuteboek