De wolf is werom yn Nederlân

De wolf is nei sa 'n 150 jier werom yn Nederlân. It earste wolvepear fêstige him yn 2018 op de Noard-Feluwe. Yn Fryslân is de earste swalkjende wolf yn april 2018 fêststeld. It wie dêrmei de earste wolf dy 't offisjeel yn Fryslân yn it wyld sjoen is sûnt 1712. Nei lange tiid fan ôfwêzigens wurdt de swalkjende wolf de lêste jierren hieltyd faker sjoen yn de provinsje.

Guon jûchje dit ta, oaren hawwe noed oer de mooglike skea oan lânbouhúsdieren. Fryslân heart ta it oarspronklike leefgebiet fan de wolf en dit leefgebiet is neffens de Europeeske Habitatrjochtline en Wet natuerbeskerming strikt beskerme. De wolf mei dus net samar ferjage of deamakke wurde, mar troch previntive maatregels kin foarkommen wurde dat in wolf ûnbeskerme lânbouhúsdieren deamakket.

Besluten en nijs

Podcast oer de wolf

BNR hat yn gearwurking mei it Interprovinciaal Overleg (IPO) - de feriening fan de tolve gearwurkjende provinsjes - en BIJ12 in fiifdielige podcastrige ‘De kwestie wolf’ makke oer de wolf yn Nederlân. Elke ôflevering wurdt de oanwêzigens fan de wolf út in oar perspektyf wei beljochte. Nei it beharkjen fan dizze podcastsearje witte jo alles wat jo witte moatte oer it meast besprutsen bist fan Nederlân op dit stuit. Lústerje hjir nei de podcast(eksterne keppeling)

Kontakt

Hawwe jo fragen oer de wolf of dizze side? Nim dan kontakt op mei it Klant Contact Centrum.

  • E-mail: provincie@fryslan.frl
  • Telefoan: 058 - 292 59 25
  • WhatsApp: 06 - 10 26 88 31 (op wurkdagen fan 8.30 oant 17.00 oere beskikber)

Foto wolf: Erwin van Maanen