Mear fee yn Súdeast-Fryslân beskerme tsjin wolf
Yn Súdeast-Fryslân is ferline jier in taname te sjen yn it brûken fan previntive maatregels wêrtroch't mear lânbouhúsdieren beskerme binne tsjin in wolveoanfal. Dat docht bliken út tellingen dy't yn de winterperioade fan 2025/2026 útfierd binne. Foaral by skieppehâlders is in sterke stiging sichtber. Fan de 3.727 telde skiep stie neffens de ûndersikers 60,99 persint achter in raster. Ferline jier lei dat persintaazje noch op 30,85 prosint.
Telûndersyk
De telling waard sawol yn Fryslân as Drinte útfierd yn it leefgebiet fan de Drents-Friese wolvenroedel. Yn Súdeast-Fryslân waard goed 332 fjouwerkante kilometer ûndersocht op de oanwêzichheid fan wolfkearende maatregels. Net allinnich skiep, mar ek oare lânbouhúsdieren waarden meinaam yn it ûndersyk. Sa telden de ûndersikers ûnder oare ponys, hynders, kij, geiten en alpaca's. Under de tellingen is fan de iepenbiere wei ôf sjoen oft lânbouhúsdieren yn it greidlân efter wolfkearende rasters stiene. Omdat dit allinnich om in sichtkontrôle gie, jouwe de útkomsten in globale yndruk. Der is net beoardiele oft it raster op dat stuit technysk yn oarder wie en of goed wurke.
Rasters freegje om bliuwende oandacht
De provinsje seit mei klam dat in wolfkearend raster allinnich goed wurket as it geregeld omtinken en ûnderhâld krijt. In wolfkearend raster is gjin ienmalige maatregel: begroeiïng, net genôch stroom of ûnsljocht terrein kinne de wurking ferminderje. Goed ûnderhâld is dêrom wichtich om bisten bliuwend te beskermjen.
Subsydzjeregeling
Op dit stuit kin wolveskea allinnich foarkaam wurde troch previntive maatregels te treffen, bygelyks troch it brûken fan wolfkearende rasters. Trochdat de provinsjes Fryslân en Drinte de tellingen al in tal jierren útfiere litte, binne de ûntwikkelings yn it gebrûk fan wolfkearende maatregels oer de jierren te folgjen. De provinsje wol binnen de stjoeringsmooglikheden dy't sy ha bistehâlders stypje by it foarkommen fan wolveskea. De tellingen litte sjen wat de effekten binne fan provinsjaal belied.
Sa kinne bistehâlders yn in part fan Fryslân gebrûk meitsje fan de subsydzjeregeling wolfkearende rasters. Mei dizze regeling stipet de provinsje it pleatsen fan effektive maatregels om lânbouhúsdieren te beskermjen tsjin wolven. Ferline jier hat de provinsje it subsydzjebudzjet foar de oanskaf fan wolfkearende maatregels trije kear ferhege. De opgeande animo foar de subsydzjeregeling liket dêrmei te resultearjen yn in tanimmend gebrûk fan wolfkearende maatregels yn dizze regio. Mear ynformaasje oer de regeling fine jo hjir > Subsydzjeregeling foarkomme skea troch wolven provinsje Fryslân | Fryslan