Subsydzjeregeling foarkomme skea troch wolven provinsje Fryslân

Op 3 maart 2026 hawwe Deputearre Steaten (DS) fan Fryslân de nije subsydzjeregeling foarkommen skea troch wolven fêststeld.

Wat is feroare? 

It subsydzjegebiet wolven Fryslân en de regeling foar it oanskaffen fan in wolfkearende ôffreding is útwreide; Alle hâlders fan hoefdieren (útsein deimen), alpaca’s en lama’s yn it nije subsydzjegebiet kinne no subsydzje oanfreegje foar it oanskaffen fan wolfkearende rasters. It maksimale subsydzjebedrach is € 30.000, -.

Subsydzjegebiet wolven Fryslân 

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe in subsydzjegebiet wolven Fryslân fêststeld. Dit gebiet is oanwiisd omdat út de skeameldingen en waarnimmingen fan wolven yn Fryslân falt te konkludearjen dat Noard- en Súdeast-Fryslân de grutste kâns op wolveaktiviteit hat. De subsydzjeregeling dy't op 3 maart 2026 fêststeld is, omfettet it subsydzjegebiet wolven Fryslân yn de gemeenten: 

  • It Hearrenfean,
  • Eaststellingwerf,
  • Weststellingwerf,
  • Opsterlân,
  • Smellingerlân,
  • Achtkarspelen,
  • Tytsjerksteradiel,
  • Dantumadiel en
  • Noard-east Fryslân. 

Subsydzjegebiet wolven Fryslân

Overzichtskaart waar de wolvengebieden op aangegeven zijn.

Jo kinne mooglik gebrûk meitsje fan de subsydzjeregeling 'foarkomme skea troch wolven'. Op basis fan in offerte of in faktuer (Op'e faktuer moat stean te stean hokker materialen jo oanskaft en foar hokker bedrach) en betelbewiis (It betelbewiis stiet op jo eigen namme) kinne jo subsydzje oanfreegje. Jo kinne foar alle hoefdieren (útsein deimen), alpaca’s en lama syn subsydzje foar in wolfkearende ôfrastering oanfreegje. Jo kinne subsydzje krije foar it oanskaffen fan in ôffreding foar in fêste en / of ferpleatsbere wolfkearende ôffreding oant maksimaal € 30.000,-. Dêrneist kinne jo foar it oanskaffen fan in automatysk oprolsysteem by in ferpleatsber wolfkearende ôffreding mei triedden, subsydzje oanfreegje fan € 4.500,-, by in groep fan 17 hynders, ponys of kij of in groep fan minimaal 100 oare lânbouhúsdieren. 

Jo komme net foar subsydzje yn oanmerking as jo al earder subsydzje krigen hawwe foar de konkrete aktiviteit, of it moast wêze dat subsydzje maksimearre wie op in leger bedrach as € 30.000, - wylst jo kosten heger wiene, op grûn fan in eardere ferzje fan de subsydzjeregeling. Yn dat gefal kinne jo op'e nij subsydzje oanfreegje.

Hâlde jo hoefdieren (útsein deimen), alpaca’s en / of lama’s yn it subsydzjegebiet wolven Fryslân en wolle jo in fêste en / of ferpleatsbere ôfrastering oanskaffe om skea troch de wolf foar te kommen? GS stelt dêrfoar mei-inoar € 500.000,- beskikber, foar de perioade fan 11 maart oant en mei 4 oktober 2027.

Troch in tanimmende fraach oan subsydzje foar wolfkearende maatregels, hat de provinsje Fryslân it subsydzjebudzjet opnij ferhege, diskear mei € 500.000. 

De hâlders fan dizze niis neamde hoefdieren moatte registrearre stean yn it troch de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland behearde Identificatie - en Registraasjesysteem fan bisten.

Ynformaasje oer de subsydzjeregeling

It subsydzje is maksimaal € 30.000 en wurdt jûn foar: 

  • It pleatsen fan in nije fêste wolfkearende ôffreding of it útwreidzjen fan in besteande fêste wolfkearende ôffreding
  • It ynsetten fan in ferpleatsbere wolfkearende ôfrastering sûnder automatysk oprolsysteem
  • It ynsetten fan in ferpleatsbere wolfkearende ôfrastering mei automatysk oprolsysteem by in groep fan minimaal 17 kij, hynders of ponys of in groep fan minimaal 100 oare hoefdieren, alpaca’s en/of lama’s. 

De ôffreding moat foldwaan oan de easken fan it Fauna Schade Preventiekit module wolven, lykas publisearre troch BIJ12.

De hichte fan de subsydzje hinget ôf fan de strekkende meters ôffreding en / of it trochsneed oantal hoefdieren, alpaca’s en/of lama’s dat de eigener yn besit hie yn it jier foarôfgeand oan de datum fan ûntfangst fan de subsydzje-oanfraach. 

Hawwe jo in fraach oer de subsydzjeregeling? Sjoch oft it antwurd op jo fraach tusken de faak stelde fragen en antwurden stiet op Subsidieregeling wolfwerende maatregelen | Fryslan

Wêr?

Subsydzje kinne jo oanfreegje mei de blauwe knop hjirûnder. Jo hawwe DigiD (partikulieren) of eHerkenning 2+ (bedriuwen) nedich om dit formulier yn te foljen. Mear ynformaasje oer eHerkenning en it oanfreegjen derfan fine jo op www.fryslan.frl/eherkenning.

Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje. 

Oanfraachformulier

Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei it Klantkontaktsintrum. Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach.