Hoe libbet de wolf?

Wolven hawwe in grut oanpassingsfermogen. Se kinne oerlibje yn alderhande lânskippen, ek yn omjouwingen dy 't troch de minske ynrjochte en dominearre binne. Wolven libje yn territoaria dy 't yn Europa, ôfhinklik fan it oanbod oan iten, in omfang fan sa ’n 200 km hiene kinne.

Fêstige of swervende wolven

Der binne yn Nederlân swervende en fêstige wolven. Swarjende wolven binne (jonge) wolven dy 't de ridel fan harren âlden ferlitten hawwe om op syk te gean nei in eigen territoarium en in partner. Se lizze grutte ôfstannen ôf wêrby 't se yn Nederlân in soad auto - en wetterwegen oerstekke.

Wolf sjoen? Dit kinne jo dwaan 

  • Bliuw kalm en hâld ôfstân, it leafst minimaal 100 meter.
  • Komt de wolf te tichtby, nim stadich ôfstân, sprek lûd en meitsje gebearten.
  • Hâld hûnen koart oan.
  • Bliuw op de tastiene paden en diken.
  • Foer of lokje de wolf net en rin de wolf net efternei.
  • Meld it sa gau mooglik by it www.bij12.nl/wolvenmeldpunt as jo in wolf of spoaren fan in wolf sjoen hawwe.
  • Lês mear oer wat te dwaan by in moeting mei in wolf op www.bij12.nl/wolf.
  • Besjoch de flyer ‘Wolf yn Fryslân
  • Mei fragen oer de wolf kinst ek terjochte by it Lanlik Ynformaasjepunt Wolven. It ynformaasjepunt biedt aktuele en feitlike ynformaasje oer de wolf fia in webside. Minsken kinne ek belje mei it telefoannûmer 0800 -1212, foar fragen, foar it dielen fan soargen, waarnimmingen en ûnderfinings.

Subsydzjeregeling wolfkearende maatregels 

Hâlders fan lânbouhúsbisten kinne gebrûk meitsje fan in subsydzje foar de oanskaf fan previnsjemaatregels om skea troch in wolf foar te kommen. Mei de ynset fan de goede previntive maatregels kinne jo rôfbisten, lykas de wolf, op ôfstân hâlde en jo bisten beskermje. 

Op Wolven in Nederland en op de pagina fan Bij12 fine jo mear ynformaasje oer it leefgebiet, it gedrach, de leefwize en de histoarje fan wolven.