Ynterprovinsjaal Wolvenplan
De provinsjes yn Nederlân hawwe mei-inoar ôfspraken makke oer hoe’t wy omgean mei wolven, it saneamde IPO Wolvenplan 2025. Yn it plan steane regels oer wat der dien wurde moat as wolven minsken, hûnen of fee oanfalle. De provinsje Fryslân hat him ynset foar ferbetteringen dy’t wichtich binne foar boeren en ynwenners.
Feebeskermingsteams oprjochte
Ien fan de wichtichste punten yn it nije plan is dat der fee-beskermingsteams komme. Dizze teams helpe boeren mei it pleatsen fan hekken dy't wolven tsjin hâlde moatte. Dit idee komt út in lanlike oanpak fan earder steatssekretaris Rummenie. De teams moatte derfoar soargje dat boeren net tefolle ekstra wurk krije troch de komst fan de wolf.
Fergoeding by skea bliuwt, mar net altyd sûnder rasters
In wichtige ôfsprake yn it nije plan is dat boeren ek yn ’e takomst jild krije as harren fee oanfallen wurdt troch in wolf. Mar yn ’e takomst kin it wêze datst allinnich jild krijst as der wolf-ôfkearende rasters pleatst binne. De provinsje Fryslân fynt it no noch te betiid om dat ferplichte te stellen.
Earliker byld oer it libjen mei de wolf
In soad minsken fielden har net werkenber yn it byld dat yn de foarige ferzje fan it plan jûn waard oer it libjen mei wolven. Yn it nije plan wurdt no better beskreaun hokker soargen ynwenners en boeren hawwe oer de oanwêzigens fan wolven.