Roedel(s) yn Fryslân en Drinte

It is net eksakt te bepalen hoefolle wolven oft der yn Fryslân libje. Dat komt trochdat wolven grutte ôfstannen ôflizze, somtiden gjin spoaren efterlitte en de provinsje yn- en útrinne. Der kin wol in skatting makke wurde fan it minimale tal fêstige wolven op basis fan DNA-resultaten en troch it Wolvenmeldpunt falidearre waarnimmingen. 

De earste wolveroedel yn Fryslân wie de roedel dy't him yn it neijier 2021 yn de Drintsk Fryske regio fêstige. Dizze roedel krige yn 2022 foar it earst jongen. 

Wolven wurde oantoand op ferskate wizen. Sa wurde wolven oantoand op basis fan kamerabylden fan wyldkamera's en wurdt DNA bemeunstere fan stront fan wolven en nei oanfallen op lânbouhúsdieren. Op basis fan al dy monitoaring is it neikommende fêststeld; 

  • By de roedel yn de Drents-Friese regio binne it ôfrûne jier fjouwer (nije) welpen fêststeld mei kamerabylden.
  • Yn de maitiid fan 2025 binne sawol it âlderpear as njoggen neikommelingen fan de ridel yn de Drents-Friese regio oantoand mei DNA. Dy neikommelingen binne berne yn de perioade 2022 - 2024.
  • Yn 2022 binne trije welpen berne, yn 2023 acht en yn 2024 sân. Guon fan harren binne omkaam yn it ferkear en ien waard deade by it ynsidint fan Wapse.
  • Mei DNA waard ek fêststeld dat ien fan de neikommelingen út de roedel fan de Drintsk Fryske regio tegearre mei in oare wolf in nije ridel stichte hat yn Drinte.

Foto: Harrie Dijkstra