Bekendmakkings ûnderhânske transaksjes
Utslutend fêstgoed dat binnen de provinsje net mear foar har doelen of foar in doel fan in oare (semy-)oerheid ynset wurde kin, is oerstallich en kin ôfstjitten wurde. Foar in beheind part fan it oerstallige fêstgoed kin op grûn fan foarôf stelde kritearia it oanbelangjende fêstgoed oan ien spesifike partij gund wurde.
De provinsje hantearret yn syn belied de kritearia ûnderhânske útjefte registergoed dy't troch DS op 26 -09-2023 fêststeld binne. Op basis fan dit beslút mei de provinsje ûnderhânske fêstgoedtransaksjes - lykas ferkeap, ferhier of ferpachting en ek in kavelruil wêrby't de provinsje grûn ynbringt (grûn ferkeapet) mei ien spesifike partij slute.
De folsleine tekst fan it beslút fine jo hjir oan.
De provinsje Fryslân is as oerheid ferplichte om by fêstgoedtransaksjes transparant te hanneljen.
Op grûn fan foarmeld beslút, fermeldt de provinsje hjir syn foarnommen ûnderhânske fêstgoed-transaksjes - lykas ferkeap, ferhier of ferpachting en ek in kavelruil wêrby't de provinsje grûn ynbringt (grûn ferkeapet) - oan ien spesifike partij.
Dêrneist fermeldt de provinsje yn syn wyklikse publikaasjes yn de lokale deiblêden de foarnommen transaksjes. Op dizze wize jout de provinsje ynfolling oan de útspraak fan de Hege Ried fan 26 novimber 2021 (Didam-arrest), wêryn't de regeljouwing neier taljochte is.
It yn de iepenbiere ferkeap steande fêstgoed treffe jo oan op de webside ûnder “Oanbod (te keap)”.
De hjoeddeiske ûnderhânske transaksjes mei ien spesifike partij treffe jo hjirûnder oan:














