6124 ferkeap perseel bosk oan de Mersken 10 yn Sigerswâld

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan in perseel bosk tichteby de Mersken 10 yn Sigerswâld, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
URT00E 018162.25.19 ha0.38.00 ha1.87.19 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien gadingmakker, omdat de oanbelangjende grûn grinzet oan het neistlizzende perseel bosk fan keaper en dat de stripe bosk net separaat te berikken is fan de iepenbiere dyk ôf. Mei sjoen de intensive soarch foar de jonge bosk oanplant yn dizze stripe bosk, is de provinsje fan betinken dat keaper yn oanmerking komt foar oankeap fan dizze stripe bosk.

De provinsje is fan betinken dat de keaper de iennige gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.

Alle gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (Ljouwerter Krante fan 
24-10-2026) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

de hear C.IJ. Hiemstra, berikber op  06 - 53 82 79 60 of c.hiemstra@fryslan.frl