6055 ferkeap fyftjin perselen natuer grûn oan en tichteby de Twee Provinciënweg te Diever
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan fyftjin perselen natuer grûn oan en tichteby de Twee Provinciënweg te Diever, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
| Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
| MKG00C 04250 | 1.24.60 ha | 1.24.60 ha | |
| MKG00C 04251 | 1.23.80 ha | 1.23.80 ha | |
| MKG00C 04252 | 2.47.50 ha | 2.47.50 ha | |
| MKG00C 04253 | 2.47.10 ha | 2.47.10 ha | |
| MKG00C 04254 | 2.47.40 ha | 2.47.40 ha | |
| MKG00C 04255 | 1.23.30 ha | 1.23.30 ha | |
| MKG00C 04256 | 1.25.50 ha | 1.25.50 ha | |
| MKG00C 04259 | 2.04.40 ha | 2.04.40 ha | |
| MKG00C 04260 | 2.03.90 ha | 2.03.90 ha | |
| MKG00C 04261 | 2.04.80 ha | 2.04.80 ha | |
| MKG00C 04262 | 2.04.00 ha | 2.04.00 ha | |
| MKG00C 04263 | 2.08.60 ha | 2.08.60 ha | |
| MKG00C 06356 | 1.38.20 ha | 1.38.20 ha | |
| MKG00C 07041 | 8.68.95 ha | 8.68.95 ha | |
| MKG00C 07998 | 19.68.10 ha | 19.68.10 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de oanbelangjende natuer grûn oan wjerskanten grinzet oan perselen fan keaper, it nasjonaal park Drents-Friese Wold. It type behear en ûnderhâld dat nedich is om it realisearre natuer-doel-type op oanbelangjende natuer grûn yn stân te hâlden, is spesifyk. Troch de ferkeap fan oanbelangjende grûn oan keaper kin it behear en ûnderhâld effisjinter útfierd wurde.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (Ljouwerter Krante fan 31-10-2026) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
de hear J. Botke, berikber op 058 - 292 89 85 of j.botke@fryslan.frl