6107 ynbring perselen grûn oan en tichteby de Heak om Ljouwert

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt meardere perselen grûn oan de westlike ynfalshoeke fan Ljouwert, tichteby de Heak om Ljouwert , lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
Leeuwarden P 6600.10.10 ha00.10.10 ha 
Leeuwarden D 1066400.11.39. ha00.11.39 ha
Leeuwarden D 1075000.27.05 ha00.27.05 ha
Leeuwarden D 891802.57.35 ha00.08.86 ha02.48.49 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de oanbelangjende grûn yn it fjild ûnderdiel útmakket fan it dêrnjonken lizzende kadastrale perseel fan de keaper en de keaper fia dizze grûn syn perseel berikke kin en it winsklik is om syn perseel fia de oanbelangjende grûn te ûntsluten nei de iepenbiere dyk.[

De provinsje hat foar de útspraak fan ’e Hege Rie mei de keaper oerienstemming berikt oer de ferkeap van de earste trije perselen. It feit dat dy oerienstemming op dit stuit noch net fia de keapoerienkomst útfierd is, docht neat ôf oan ’e oerienstemming dy’t berikt is. De Provinsje Fryslân is fan betinken dat de algemiene begjinsels fan behoarlik bestjoer ek meibringe dat in betroubere oerheid him oan de ôfspraken dy’t makke binne heart te hâlden, om misbrûk fan it fertrouwensbegjinsel foar te kommen. No’t de provinsje in oerienkomst hat mei de eigener fan it fjirde perseel kin de ûntsluting fan keaper yn eigendom oan keaper oerdroegen wurde.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (Ljouwerter Krante fan 17-10-2026) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

de hear R. Prins, berikber op 058 - 292 52 56 of r.prins@fryslan.frl