4833 ferkeap grûn oan de Wibrandaweg te Boalsert en de Doniaweg te Burgwerd

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan in oantal perselen grûn grinzjend oan de Wibrandaweg tichteby Boalsert en de Doniaweg tichteby Burchwert, kadastraal bekend gemeente Burgwerd, seksje C, nûmer 63 en kadastraal bekend gemeente Witmarsum, seksje G, nûmers 731 en 733, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
BWD02C 000632.87.20 ha2.87.20 ha0.00.00 ha
WMS03G 007310.07.43 ha0.07.43 ha0.00.00 ha
WMS03G 007330.86.02 ha0.86.02 ha0.00.00 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om grûn te ferkeapjen oan keaper, neffens de ôfspraken dy't partijen yn 2021 makke hawwe yn it ramt fan de oanlis fan de trije tunnels yn de N359 Westergoawei tusken Wommels en Boalsert. 

Foar it útfieren fan dit projekt hat de provinsje doedestiids grûn fan keaper oankocht. As ûnderdiel fan de ôfspraken dy't makke binne, is oerienkommen dat keaper bepaalde grûn binnen de ôfsprutsen terminen fan de provinsje weromkeapje koe. 

Keaper hat op 'e tiid oanjûn fan dizze mooglikheid gebrûk meitsje te wollen. De foarnommen ferkeap giet oer de útfiering fan de earder makke ôfspraken.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (Ljouwerter Krante fan 17-10-2026) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

de hear R. Prins, berikber op 058 - 292 52 56 of r.prins@fryslan.frl.