Subsydzjeregeling transformaasje besteande gebouwen nei betelbere wenromten Fryslân 2026

Subsydzje kin inkeld en allinne oan de eigener fan in besteand gebou of in part dêrfan dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt, jûn wurde. 

It besteande gebou of it part dêrfan, dêr’t de subsidiabele aktiviteit yn realisearre wurdt, hat gjin wenfunksje of in funksje dêr’t in wenromte yn tastien is. By in oanfraach foar in part fan in besteand gebou kin allinne subsydzje oanfrege wurde foar dat part, dêr’t neffens it Besluit bouwwerken leefomgeving noch gjin wenromte tastien is. 

  1. In subsydzje foar op syn minst twa nij te realisearjen betelbere selsstannige wenromten of flekswenromten is oan te merken as in prestaasjesubsydzje en bedraacht € 10.000,- de wenromte, mei in minimum fan € 20.000,- en in maksimum fan € 40.000 de oanfraach.
  2. In subsydzje foar op syn minst twa nij te realisearjen betelbere nultredenwenten is oan te merken as in prestaasjesubsydzje en bedraacht € 15.000,- de wenromte, mei in minimum fan € 30.000,- en in maksimum fan € 60.000,- de oanfraach. 

De betelberheidsgrinzen foar wenten wurde alle jierren yndeksearre. Foar 2026 jilde de neikommende betelberheidsgrinzen:

  • betelbere keapwente: maksimaal € 420.000,-;
  • betelbere hierwente foar middenhier: hierpriis fan € 932,94 oant op syn heechst € 1.228,07;
  • betelbere sosjale hierwente: hierpriis op syn heechst € 932,93

Subsydzje kin fan 6 april 2026 oant mei 30 septimber 2026 oanfrege wurde.  

Subsydzjebedrach 

It subsydzje foar op syn minst twa nij te realisearjen betelbere selsstannige wenromten of flekswenromten is oan te merken as in prestaasjesubsydzje en bedraacht € 10.000,- de wenromte, mei in minimum fan € 20.000,- en in maksimum fan € 40.000,- de oanfraach.

It subsydzje foar op syn minst twa nij te realisearjen betelbere nultredenwenten is oan te merken as in prestaasjesubsydzje en bedraacht € 15.000,- de wenromte, mei in minimum fan € 30.000,- en in maksimum fan € 60.000,- de oanfraach.  

Subsydzje oanfreegje: hoe doch ik dat? 

Jo kinne de oanfraach digitaal yntsjinje fia ûndersteande knop.

Subsydzje oanfreegje

Lês de regeling goed troch. It is wichtich om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle taheakken dy’t nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. 

Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach: 

  1. eHerkenning 2+  As jo út namme fan in organisaasje (foar stichtingen, ferienings en koöperaasjes) in oanfraach yntsjinje. Jo account moat dan machtige wêze foar: Niveau EH2 +, Tsjinstferliener: ' Provinsje Fryslân ' of DigiD (foar partikulieren);
  2. In projektplan, mei in oersjoch en omskriuwing fan de aktiviteiten dêr't subsydzje foar oanfrege wurdt;
  3. In skriftlike ferklearring fan it dêrta befoege bestjoersorgaan fan de oanbelangjende gemeente dêr't it gebou yn lein is. Ut dizze ferklearring moat meiwurking fan de gemeente oan de transformaasje blike en de gemeente moat oanjaan wat de hjoeddeiske funksje fan it gebou neffens it omjouwingsplan is en oft dy funksje oanpast wurde moat ta realisaasje fan de aktiviteiten;
  4. In ynfolle de-minimisferklearring neffens it dêrfoar beskikber stelde format;
  5. In resint úttreksel út it Kadaster (op syn heechst seis moanne âld);
  6. In machtigingsformulier (allinne as jo út namme fan immen oars in oanfraach dogge). 

Hat jo stichting of feriening gjin eHerkenning? Jo kinne ek gebrûk meitsje fan jo eigen DigiD as lêsthawwer foar de oanfreegjende organisaasje. De oanfraach stiet dan op namme fan de organisaasje, mei jo as lêsthawwer. Dêrby moatte jo in machtigingsformulier en KvK úttreksel (en eventueel statuten) uploade.

Slagget it jo net it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei it KCC fia 058 – 292 59 25 of mei de e-mail. Sy sille jo fierder helpe by it oanfreegjen. 

Goed om te witten:

  1. Wet Bibob: 
    Provinsje Fryslân achtet in sûn ûndernimmersklimaat en in yntegere maatskippij fan grut belang. Dêrom makket de provinsje by dizze subsydzjeregeling gebrûk fan de Wet Bevordering integriteitsbeoordelingen door het openbaar bestuur (Wet Bibob). Yn it saneamde Bibob-ûndersyk beoardielje wy de yntegriteit fan de oanfreger en syn netwurk. Mear ynformaasje dêroer fine jo op:  Bibob-onderzoek uitvoeren | Fryslan.

By dizze regeling sette wy mei in ûndersyk útein sadree’t it subsydzje ûnder betingst takend is. Jo binne ferplichte om oan dat ûndersyk mei te wurkjen. It net meiwurkjen of it jaan fan ferkearde ynformaasje kin gefolgen foar jo oanfraach hawwe.

Mear ynformaasje   

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.