Natura 2000
Natura 2000 is in Europeesk netwurk fan beskerme natuergebieten. Yn de Natura 2000-gebieten wurden guon bisten, planten en harren natuerlike libbensfermidden beskerme. Sa hâlde wy it bioferskaat yn stân en komme wy tefoaren dat de natuer hieltyd mear fan itselde wurdt.
Hokker gebieten ûnder Natura 2000 falle, stiet yn de Vogelrichtlijn(eksterne keppeling) en Habitatrichtlijn(eksterne keppeling). De Europeeske natuergebieten dy’t ûnder dy rjochtlinen oanwiisd binne, foarmje mei-inoar it Natura 2000-netwurk. Der lizze 162 fan sokke gebieten yn Nederlân, en 20 dêrfan (foar in part) yn de provinsje Fryslân, op lân likegoed as op see.
Nij Natura 2000-behearplan foar Fryske Marregebiet
Der is in nij Natura 2000-behearplan foar it Fryske Marregebiet. Under it Fryske Marregebiet falle de Natura 2000-gebieten it Snitsermargebiet, Aldegeaster brekken, Fluessen en omkriten en de Wite en Swarte Brekken.
It nije behearplan ferskilt op ynhâld net folle mei it foarige behearplan foar it Fryske Marregebiet. Wichtich bliuwt de ynset op de ûntwikkeling fan wiete gerslannen, moeras en wetterfegetaasjes lykas ielstikel. Dêrtroch ûntstiet gaadlik leefgebiet foar kwetsbere soarten as it bûnt reidhintsje, de noardske wrotmûs en de marflearmûs. In oar wichtich punt fan omtinken is it bewarjen fan rêst yn it winterseizoen foar de oerwinterjende wetterfûgels lykas de lytse seachbek en de smjunt.
Natuerdoelanalyzes en Veegbesluit
De ôfrûne perioade makke de provinsje Fryslân natuerdoelanalyzes foar de stikstofgefoelige natuergebieten. Omdat yn de Aldegeaster brekken, Fluessen en omkriten ein ferline jier in tal nije stikstofgefoelige habitattypen en twa oanfoljende soarten oanwiisd binne troch de minister (it Wijzigingsbeslút Habitchtlijngebieden vanwege aanwezige waarden, ek wol it 'veegbesluit'), is ek foar dat gebiet in (ferkoarte) natuerdoelanalyze makke. Krekt as yn it behearplan binne dy nij oanwiisde doelen (noch) net meinaam yn de natuerdoelanalyze. De provinsje is yn berop gien tsjin de oanwizing fan de stikstofgefoelige habitattypen en wol dit earst ôfwachtsje. Dêrby sille de nije doelen út it feechbeslút binnen trije jier opnommen wurde yn it behearplan.
Reaksjes en nije inzageperioade
It plan lei yn de maitiid op besjen. Belanghawwenden koene doe in sjenswize yntsjinje. Nei oanlieding fan de yntsjinne reaksjes is it plan hast itselde bleaun. Yntsjinners fan in sjenswize krije dêr berjocht oer. It is mooglik om yn berop te gean tsjin it nije behearplan. Dêrfoar lizze it behearsplan en de reaksjenota (dêr't de reaksje fan de provinsje op de yntsjinne sjenswizen yn stiet) op besjen fan 21 july oant 31 augustus. Jo kinne de dokuminten hjirûnder downloade.
Berop
It is mooglik berop yn te stellen tsjin spesifike ûnderdielen fan it Natura 2000-behearplan. Dat kin tsjin de beskriuwingen fan aktiviteiten dy't it berikken fan ynstânhâldingsdoelstellingen net yn gefaar bringe en tsjin de betingsten dy't dêrby oanjûn binne en beheiningen. Dêrby giet it om aktiviteiten dy't fia it behearplan frijsteld binne fan de fergunningplicht. Gjin berop is mooglik tsjin de eleminten rjochte op útfiering, lykas de maatregels of de fasearring fan de útfiering.
De termyn foar it yntsjinjen fan in beropskrift rint fan 21 july oant en mei 31 augustus 2023. Binne jo it net iens mei it nommen beslút, dan kinne jo in beropskrift yntsjinje by de Rjochtbank Noard-Nederlân ôfdieling bestjoersrjocht, Postbus 150, 9700 AD Grins. Yn it beropskrift moatte jo yn alle gefallen oanjaan:
- Jo namme en adres;
- De datum dêr’t jo it beropskrift op yntsjinje;
- In omskriuwing fan it beslút dêr’t jo in berop tsjin yntsjinje;
- Wêrom’t jo it berop yntsjinje.
Stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten
De oplossing fan it stikstoffraachstik begjint by in sterkere natuer. De fersuorjende en/of ferdongjende ynfloed fan stikstofdelslach út de heine omkriten hat in soad ynfloed op kwetsbere natuergebieten. Dêrtroch wurde habitats oantaast en komt de fersprieding fan guon soarten en it bioferskaat ûnder druk te stean. Yn 11 fan de 20 (foar in part) Fryske Natura 2000-gebieten is sprake fan in oerskot oan stikstof. Dat komt bygelyks troch dong fan lânboubedriuwen, emisje út see, útstjit fan yndustry, auto’s, mar ek út it bûtenlân wei.
Provinsje Fryslân set dêrom, yn ‘e mande mei Fryske sektorpartijen út ‘e lânbou, natuer, bou, mobiliteit, yndustry, en oare oerheden, yn op de reduksje fan stikstofútstjit en maatregels foar natuerferbettering. Dat is in wetlike opjefte en dêr binne lanlike ôfspraken oer makke.
Mei in gebietsrjochte oanpak wurket Fryslân oan it ferbetterjen fan de kondysjes om de 11 stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten hinne. It ferminderjen fan stikstofdelslach út de heine omkriten op dy Natura-2000 gebieten moat liede ta ferbettering fan de Fryske natuer en strukturele ferleging fan stikstofdelslach.
Om in goed byld te krijen fan de stikstofproblematyk yn de 11 stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten binne gebietsanalyzen dien. Dy analyzen jouwe ynsjoch yn de natuer, ekonomy, stikstofboarnen en -problematyk it gebiet. Dêrneist foarmje se de basis foar de gebietsrjochte stikstofoanpak fan Fryslân. Foar de gebietsanalyzen stikstof kinne jo boppesteande oersjochkaart(eksterne keppeling) rieplachtsje.
Mear ynformaasje oer it stikstofbelied yn Fryslân kinne jo hjir fine.
Behearplannen
Provinsje Fryslân stelt behearplannen op foar de Natura 2000-gebieten yn Fryslân. Dy plannen formulearje krekt hókker natuerwearden wêr beskerming krije en ek hóe’t dat bart. Dêrby moat rekken hâlden wurde mei de ekologyske, mar ek mei de ekonomyske en sosjale (ûn)mooglikheden dy’t der yn en om it gebiet binne. De behearplannen komme ta stân yn oerlis mei eigeners, ûndernimmers, omwenners, ferskate oerheden en oare belanghawwenden. De rintiid fan in behearplan is hieltyd seis jier, wêrnei’t it plan (nei in ynspraakproseduere) ferlinge wurdt, mooglik mei oanpassings. Yn de kommende jierren yntinsivearret provinsje Fryslân de oanpak oangeande natuerferbettering fan de Fryske Natura 2000-gebieten mei help fan de oanfoljende Ryksmiddels foar natuerferbettering en -fuortsterking. Op de oershjochkaart(eksterne keppeling) boppe-oan dizze side kinne jo sjen wêr’t de ferskate Fryske Natura 2000-gebieten lizze en kinne jo mear spesifike gebietsynformaasje fine, ûnder oare de behearplannen fan alle gebieten.

Alve Natura 2000-behearplannen ferlinge
Fan âlve Fryske Natura 2000-gebieten rint it behearplan ynkoarten ôf. Omdat it evaluearen fan de hjoeddeistige plannen en it opstellen fan nije mear tiid yn beslach nimt, besleat Deputearre Steaten op 28 septimber 2021 de behearplannen mei seis jier te ferlingen. It giet om de gebieten Alde Feanen, de Deelen, Van Oordt’s Mersken, Weinterper Skar, Bakkefeanse Dunen, Rottige Meenthe & Brandemar, it Lauwersmargebiet (yn gearwurking mei provinsje Grins) en de dunen fan Flylân, Skylge, it Amelân en Skiermûntseach. Ek biedt it de mooglikheid om ûntwikkelingen lykas de noch op te stellen gebietsplannen mei maatregels om stikstofútsjit yn Natura 2000-gebieten te ferminderjen en it lanlike Programma Natuur mei te nimmen yn de nije plannen. Fan 7 oktober oant en mei 17 novimber 2021 lei dit beslút op besjen.

Wet Natuurbescherming
De behearplannen dy’t fêststeld binne, foarmje in wichtige basis foar de provinsjale taak op it mêd fan fergunningferliening neffens de Wet Natuurbescherming(eksterne keppeling). Yn dy wet is regele dat der in natuerfergunning of in oar tastimmingsbeslút nedich is foar aktiviteiten dêr’t stikstof by frijkomt. Sa kin de oerheid soargje dat der net tefolle stikstof op Natura 2000-gebieten delkomt. Mear ynformaasje oer fergunningferliening fine jo hjir.