Om ynsjoch te krijen oft jo projektidee foar subsydzje yn oanmerking komt, biedt de provinsje jo de mooglikheid om jo projektidee ôf te stimmen mei de projektadviseur fan Streekwurk yn jo regio. Streekwurk hat tagong ta in tal subsydzjeregelingen om gebietsrjochte inisjativen mooglik te meitsjen. Hokker regelingen dat binne, lêze jo op harren webside(eksterne keppeling)

Wolle jo mear ynformaasje oer it oanfreegjen fan subsydzje foar in projekt? De projektadviseurs fan Streekwurk advisearje jo graach oer de subsydzjemooglikheden. Ek kinne sy jo helpe by it opstellen fan it projektplan en by de subsydzje-oanfraach. Mei harren kennis fan projekten en prosessen, kinne sy jo gau dúdlikheid jaan oer de mooglik- en ûnmooglikheden.

Streekwurk helpt jo graach fierder!