IMF Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen

Dizze regeling is sletten, it is net mear mooglik om in oanfraach yn te tsjinjen.

IMF Ferduorsumjen Mienskipgebouwen is ophâlden 

De lêste iepenstelling fan it IMF Ferduorsumjen Mienskipgebouwen is sletten. Dêrmei komt in ein oan dizze subsydzjeregeling en is mei-inoar 7 miljoen oan subsydzje ôfjûn oan gebouwen fan stichtingen en ferieningen dy't wichtich binne foar de leefberens yn Fryslân. 

De oanfragen fan 2025 wurde op dit stuit beoardiele en 12 febrewaris oardere troch in advyskommisje besteand út frijwilligers út hiel Fryslân. 

De oanfregers wurde heal febrewaris 2026 telefoanysk ynformearre oer de útkomst fan harren subsydzje-oanfraach.

 Foar de simmer fan 2026 treffe jo hjir in faktsheets oer de resultaten fan de IMF Ferduorsumjen Mienskipsfûns gebouwen iepenstellingen.

Mienskipsfûns 2024-2027 - Oparbeidzje mei de frijwilligers

Fia de subsydzjeregeling Ferduorsumjen Mienskipgebouwen fan it Iepen Mienskipsfûns (IMF) stelt de provinsje 2 miljoen euro beskikber foar ferduorsuming fan mienskipsgebouwen. It fûns is yn 2023 en 2024 iepensteld foar oanfragen en is yn it neijier fan 2025 foar de lêste kear iepensteld.

Iepen Mienskipsfûns 2024 - 2027 

Dêrneist stelt de provinsje in bedrach fan 8,5 miljoen euro beskikber foar leefberensprojekten yn Fryslân. It IMF bestiet út twa kategoryen: Lytse projekten (IMF Lyts) en Grutte projekten (IMF Grut). Dizze regeling wurdt jierliks yn maart/april en septimber/oktober iepensteld. Op ús webside fine jo in aparte side mei ynformaasje oer dizze regeling.

IMF Ferduorsumjen Mienskipgebouwen 

Subsydzje wurdt allinnich jûn foar it útfieren fan minimaal twa ferskillende aktiviteiten dy't it enerzjyferbrûk fan in gebou ferminderje. Oanfragen kinne yntsjinne wurde troch stichtingen, ferieningen, koöperaasjes sûnder winsteachmerk, tsjerkegenoatskippen of Steatsboskbehear as se eigener binne fan besteand maatskiplik fêstgoed foar mienskiplik gebrûk sûnder winsteachmerk, of as se eigener binne fan dit maatskiplik fêstgoed troch rjocht fan opstâl. Ek kinne oanfragen yntsjinne wurde as de oanfreger rjocht fan erfpacht hat op besteand maatskiplik fêstgoed foar mienskiplik gebrûk sûnder winsteachmerk.

Oanfragen wurde beoardiele troch in ûnôfhinklike advyskommisje besteande út ynwenners fan de provinsje Fryslân. Hja bepale op basis fan beoardielingskritearia hokker projekten subsydzje krije út IMF Ferduorsumjen Mienskipsfûns gebouwen. De advyskommisje sjocht dêrby nei de neikommende kritearia: 

  • Ferduorsuming (0 -10 punten)
  • Besparing totale jierlikse kosten (0 -5 punten)
  • Mienskipsfûns wearde (0 -10 punten)
  • Utfierberens (1 punt) 

Krekt lykas yn 2023 en 2024 it gefal wie, binne der ek yn 2025 mear subsydzje-oanfragen yntsjinne as der budzjet beskikber wie. De beoardieling troch de advyskommisje bepaalt dan hokker projekten wol, en hokker projekten spitigernôch net foar subsydzje yn oanmerking komme.

Hichte fan it subsydzje 

Foar elk projekt kinne jo maksimaal 50% fan de projektkosten as subsydzje oanfreegje mei in maksimum fan € 35.000,-. De oare projektkosten sille jo dus sels, of fia oare fûnsen of oerheden (lykas it ISDE of de BOSA) finansierje moatte. Jo meie allinnich subsydzje oanfreegje foar it ferduorsumjen fan jo gebou(en) en bykommend ûnderhâld. Dit betsjut dat ferljochting fan in sportfjild of it pleatsen fan in sinnegreide net foar subsydzje yn oanmerking komme.

Help en advys

Hawwe jo fragen oer dizze regeling? Of hawwe jo subsydzje út dizze regeling krigen en hawwe jo dêr in fraach of opmerking oer? Nim dan kontakt op mei it streekkantoar yn jo regio:

  1. Belje of maile nei it streekkantoar yn jo omkriten. Dêr sitte tagediene adviseurs om jo te helpen. Ek kinne jo jo projektidee fia ûndersteande knop oanmelde en dan nimt ien fan ús adviseurs kontakt mei jo op.
  2. Belje of maile nei ús klantkontaktsintrum fan de provinsje.

Meld hier uw projectidee aan

Tink derom: mei it oanmelden fan jo projektidee freegje jo gjin subsydzje oan. Nei it oanmelden fan jo projektidee nimt ien fan ús projektadviseurs binnen in pear wurkdagen kontakt mei jo op om it idee mei jo te bepraten. Tink derom: mei it oanmelden fan jo projektidee freegje jo gjin subsydzje oan.

Projektekaart

Sykje jo foarbylden fan oare projekten, ynspiraasje foar jo eigen projekt of wolle jo jo eigen projekt pleatse? Klik dan op de ûndersteande knop.

Projekten yn byld

Te brûken dokuminten

Jo kinne dizze dokuminten delhelje en foar jo subsydzje-oanfraach brûke. Dizze foarbylden kinne jo ynfolle by jo oanfraach yntsjinje. Dat kin yn it oanfraachformulier by de taheakken.