Iepen Mienskipsfûns
It fûns is no sletten, jo kinne in oanfraach dwaan fan moandei 16 maart oant en mei tongersdei 9 april 17.00 oere
It Iepen Mienskipsfûns – ynformaasje foar it dwaan fan in oanfraach
Help & advys by jo projekt
Jo kinne mei de mail of telefoan kontakt opnimme mei it streekkantoar yn jo regio foar advys by it opstellen fan jo projektplan en foar help by it yntsjinjen fan jo oanfraach.
Op de streekkantoaren sitte belutsen adviseurs klear om jo te helpen. Jo kinne ek kontakt opnimme fia dit formulier en dan nimt ien fan ús adviseurs kontakt mei jo op.
Hoe wurket it oanfreegjen fan subsydzje
- Besprek jo idee mei ús adviseurs om nei te gean oft it past binnen it Iepen Mienskipsfûns (IMF).
- As dat it gefal is dan kinne jo begjinne mei it meitsjen fan in plan, dêr helpe wy jo graach by en der binne formats foar in projektplan en in begrutting beskikber. Wat earder jo begjinne wat better we jo helpe kinne. Oan de ein fan in iepenstellingsperioade is it faak smoardrok.
- Eventueel kinne jo jo idee alfêst koart presintearje (pitche) oan de leden fan de advyskommisje dy't alle ynkommen oanfragen beoardielje sille.
- Jo tsjinje jo projekt yn binnen de iepenstellingsperioade fia it digitale oanfraachformulier. Dy kinne jo op dizze webside fine sadree't de regeling iepen is.
- Jo subsydzje wurdt kontrolearre en by folsleinens en krektens trochstjoerd nei de advyskommisje (as jo projekt net oan de easken foldocht wurde jo fuortendaliks belle mei de meidieling dat jo projekt net oan de advyskommisje foarlein wurdt).
- De advyskommisje skoart jo projekt wêrnei't jo belle wurde oer de útslach.
- Jo krije de beskikking / útbetellingsbrief wêrnei't de subsydzje oermakke wurdt.
- Jo geane oan'e slach en hawwe twa jier de tiid om it projekt klear te krijen.
- Nei ôfrûnjen pleatse jo jo projekt op ús projektkaart. As jo mear as € 25.000, - subsydzje krigen hawwe, dan moatte jo ek in fêststellingsfersyk mei rekken en ferantwurding fan it projekt yntsjinje.
- Jo bewarje de projektadministraasje 5 jier.
| Yntsjinjen fan in subsydzje-oanfraach | Moandei 16 maart 2026 om 9.00 oere oant en mei tongersdei 9 april 2026 17.00 oere | Moandei 14 septimber om 9.00 oere oant en mei tongersdei 8 oktober 2026 17.00 oere |
| Kontrôle fan de oanfraach | 10 april oant 14 maaie 2026 | 9 oktober oant 19 novimber 2026 |
| Advyskommisje beoardielet de oanfraach | Yn de wike fan 1 oant en mei 5 juny 2026 | Yn de wike fan 7 oant en mei 11 desimber 2026 |
| Jo krije in beskikking of wegering | Foar 10 septimber 2026 | Foar 18 maart 2027 |
| Jo realisearje jo projekt | ± Foar begjin april 2028 Binnen twa jier nei de datum wêrop't jo de subsydzje krigen hawwe | ± Foar begjin oktober 2028 Binnen twa jier nei de datum wêrop't jo de subsydzje krigen hawwe |
| Jo tsjinje in fêststellingsfersyk yn en melde jo projekt oan op de projektekaart | Sa gau mooglik nei ôfrûning fan jo projekt | Sa gau mooglik nei ôfrûning fan jo projekt |
De beoardieling
Oanfragen foar it IMF wurde beoardiele troch in ûnôfhinklike advyskommisje besteande út ynwenners fan jo regio. Hja bepale op basis fan beoardielingskritearia hokker projekten subsydzje krije út it IMF. De advyskommisje sjocht dêrby nei de folgjende saken:
- Bydrage oan de Mienskip (0 -10 punten)
- Draachflak & Gearwurking (0 -5 punten)
- Takomstbestindigens (0 -5 punten)
- Fryske taal of streektaal (0 -2 punten)
Let op: as de gemiddelde skoare op kritearia 3 en 4 minder is as 1 punt, dan liedt dat gelyk ta in ôfwizing. Foar de regio Waadeilannen is in útsûndering makke en jout kritearium 4 gjin reden ta in ôfwizing.
Twa soarten subsydzje
Mei it IMF kinne jo maksimaal 30% fan jo kosten finansiere krije. It IMF kent twa soarten subsydzje:
| Soart | Hoefolle | Dêr't net foar |
| 1. Lyts | maksimaal € 10.000, - subsydzje | - |
| 2. Grut | maksimaal € 50.000, - subsydzje | boarterstastellen |
Tink derom: Wolle jo in heger subsydzjebedrach as € 50.000,- oanfreegje en fine jo projekt plak yn de regio Noardwest, Súdwest of Súdeast? Sjoch dan oft LEADER by jo past. LEADER is in Europeesk (subsydzje)programma foar ûntwikkeling fan it plattelân.
Projektidee presintearje
Jo kinne jo projektidee foar it yntsjinjen fan jo oanfraach koart taljochtsje oan de regionale advyskommisje op in ‘Pitchjûn’ yn jo regio om te sjen oft jo projektidee by it IMF past. Dêrnjonken kinne jo fan de advyskommisjeleden en oare oanwêzigen op dy jûn ek ferbetterpunten foar jo projektplan meikrije. Wolle jo mear witte oer dizze mooglikheid? Nim dan kontakt op mei it streekkantoar yn jo omkriten.
Subsydzje oanfreegje: hoe doch ik dat?
Jo kinne subsydzje oanfreegje fia it digitale oanfraachformulier. Kies it formulier fan jo regio en kies de kategory (IMF Lyts of IMF Grut) dêr't jo subsydzje foar oanfreegje wolle. It digitale oanfraachformulier fan jo regio en de oanbelangjende kategory kinne jo sadree't it mooglik is om subsydzje oan te freegjen hjirûnder iepenje.
Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach?
- a. DigiD, in resint úttreksel fan de Keamer fan Keaphannel en in ynfolle machtigingsformulier fan it bestjoer fan de organisaasje dêr't jo subsydzje foar oanfreegje wolle;
b. óf eHerkenning 2+; - Een projektplan;
- Een projektbegrutting (it brûken fan dit format is ferplichte).
Jo kinne eventueel ek in skriftlike oanfraach yntsjinje. It skriftlike oanfraachformulier is op te freegjen by it streekkantoa yn jo omjouwing. Tink derom: groepen fan fiif persoanen dy't net ynskreaun steane by de Keamer fan Keaphannel kinne allinnich in skriftlike oanfraach yntsjinje.
By skriftlik yntsjinjen is it fan belang dat it oanfraachformulier by de oanfraach sit. In machtigingsformulier allinnich is net genôch foar it dwaan fan in skriftlike subsydzjeoanfraach.
Goed om te witten:
- Jo kinne net mear as 30% subsydzje oanfreegje. Sykje jo oare fûnsen en finansiering? Sjoch dan ris op www.stipe.frl
- Nei it ûntfangen fan subsydzje krije jo twa jier de tiid om jo projekt te realisearjen.
- Mei de e-mail jo oanfraach yntsjinje is net mooglik.
- Hawwe jo fragen oer in takende oanfraach: bygelyks in fraach oer útstel, wiziging of betelling, dan kinne jo maile nei imf@fryslan.frl. It helpt as jo hjirby jo saaknûmer fermelde yn de mail. Dy kinne jo fine yn jo beskikkingsbrief.
Te brûken dokuminten
Jo kinne dizze dokuminten delhelje en foar jo subsydzje-oanfraach brûke. Jo kinne dy dokuminten nei it downloaden ynfolje, dêrby kinne jo help krije fan it streekkantoar. Dizze formulieren foegje jo as taheakke ta by it oanfraachformulier.
- Format projectplan (gebrûk fan dit format wurdt oantret)
- Format begroting (gebrûk fan dit format is ferplichte)
- Format machtigingsformulier
Oare dokuminten:
Mear ynformaasje
- Subsydzjeregeling IMF 2024-2027
- Iepenstellingsbeslút en iepenstellingsbeslút provinsjaal blêd
- List mei foarbylden ‘hoe brûk ik it Frysk of in dialekt yn myn projekt’
- Uitvoeringsregeling Asv provincie Fryslân 2022 | Lokale wet- en regelgeving (overheid.nl)
- Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022 | Lokale wet- en regelgeving (overheid.nl)