De Fryske Flekspool
De Fryske Flekspool is in personiele gearwurking tusken de gemeente Súdwest-Fryslân, gemeente Ljouwert, Wetterskip Fryslân en de provinsje Fryslân. Wy wurkje net foar ien spesifike oerheid, mar foar meardere organisaasjes. De Flekspool foarmet in team fan kwalifisearre meiwurkers dat ynsetber is foar ferskate komplekse en yntegrale opdrachten. Wy wurkje algeduerigen oan grutte útdaagjende projekten yn de moaiste provinsje fan Nederlân én steane mei de fuotten midden yn de mienskip. Dat is de Fryske Flekspool: ien wurkjouwer, mar hieltyd wer in oare baan.

Projekten
De Fryske Flekspool set him yn foar grutte maatskiplike opjeften op it mêd fan natuer, lânbou, ynfrastruktuer, mobiliteit, klimaat en enerzjy, wetter, ekonomy, rekreaasje en toerisme, kultuer en neam sa mar op. Sa giet in projektlieder oan ’e slach mei de dykfersterking tusken it buorskip Koehoal en de Lauwersmar. In programmamanager wurket oan it ferbetterjen fan de natuer en it tebekkringen fan de CO2-útstjit yn it Fryske feangreidegebiet. En in omjouwingsmanager draacht by oan de enerzjytransysje troch him yn te setten foar wynenerzjy, sinne-enerzjy en grien gas. En sa lizze der noch folle mear útdagingen klear om oan te pakken.
Njonken it wurkjen yn de projekten en programma’s, bouwe de meiwurkers fan de Fryske Flekspool mei oan in nij team en drage sy by oan de ûntwikkeling fan de Flekspool.
Kampanje om nij personiel oan te winnen
Wy winne geregeld minsken foar De Fryske Flekspool. Sa wie der yn de simmer fan 2022 in simmerkampanje. Oant 12 septimber koene belangstellenden sollisitearje op ferskate rollen lykas projektlieder, omjouwingsmanager, programmamanager of proseslieder. De kampanje smiet mar leafst 100 sollisitaasjes op. Dêrfan binne der 25 kandidaten útnûge en yntusken 6 minsken oannaam. De reaksjemooglikheid op ús wervingskampanje is mei yngong fan 12 septimber sletten. As de wervingskampanje foar De Fryske Flekspool in ferfolch krijt, kommunisearje wy hjiroer op ús sosjale mediakanalen, ús websides en www.werkeninfriesland.nl(eksterne keppeling).
Hjirûnder fynst de kampanjefideo.
Ynteressearre?
Wolsto op dit stuit graach dyn ynteresse foar de Fryske Flekspool kenber meitsje? Stjoer dan in iepen sollisitaasje nei info@fryskeflekspool.frl. Dan nimme wy kontakt mei dy op en besjogge wy wat wy foar elkoar betsjutte kinne.