Anne Greet de Vries is fan hûs út arsjitekt, mar eins al har hiele wurkjende libben manager fan benammen komplekse bou - en ûntwikkelingsprojekten. Nei in perioade wurkjen en wenjen yn Amsterdam keas se foar wenjen yn Fryslân. En, njonken har wurk foar de gemeente Amsterdam, it wurkjen by de Fryske oerheid.

Nije manier fan wurkjen

Anne Greet: “Toen ik de wervingscampagne van de Fryske Flekspool zag, werd ik meteen enthousiast. Benammen de fernijende ynstek spruts my oan: ien wurkjouwer, hieltyd wer in oare baan. Just nei dy ôfwikseling wie ik op syk! En dat fernim ik no nei in romme perioade noch hieltyd: de ôfwikseling, de wize fan wurkjen, it gearwurkjen en it meie wurkje oan projekten op meardere lokaasjes foar meardere oerheden fyn ik fantastysk om te dwaan.

Gearwurkje oan projekten dy't derta dogge

Ik bin yn tsjinst by Wetterskip Fryslân mar wurkje op dit stuit oan in hiele moaie opdracht foar de gemeente Súdwest Fryslân. Dêr ûntwikkelje wy mei in gedreven projektteam in tydlike wenwyk yn de stêd Snits. Dêrneist gean ik foar de provinsje in ûndersyk troch nei tydlike wenningbou yn Fryslân.

Wêrom de Fryske Flekspool? Dêrom!

De ôfwikseling en it troch dyn projekten mooglik meitsjen fan ferbannen en gearwurking tusken oerheden. De Fryske Flekspool is in ferriking foar de ferskate oerheden. It makket mear kennisdieling, yntegraal management en it lizzen fan ferbannen mooglik. Hiel moai dat ik dêr ûnderdiel fan bin! ”