Yn de Noardwesthoeke fan Fryslân is in gebietsûntwikkelingsprojekt geande. Yn dat projekt wurkje wy oan it leefber hâlden fan it gebiet, no en foar de takomst. Troch gas- en sâltwinning sakket de boaiem yn it gebiet yn de regio Harns-Waadhoeke. Tegearre mei klimaatferoarings soarget dat foar problemen by de wetterôffier en by de lânbou. It is dêrom nedich om maatregels te nimmen. Yn opdracht fan de provinsje Fryslân fiert de bestjoerskommisje Frjentsjerteradiel-Harns dizze maatregels út.

Projekt hast klear

De ôfrûne jierren is wurke oan de útfiering fan de maatregels. Yn 2015 giene de earste wurken yn it fjild al fan start. De bestjoerskommisje fierde it plan yn fazen út. De lêste fysike maatregels wiene yn 2022 klear. Op dit stuit wurdt de wetlike werferkaveling noch ôfrûne. Nei ferwachting is dat yn 2025 klear. Dêrneist sil gemeente Waadhoeke tegearre mei guon doarpen noch plannen meitsje foar de ferbettering fan de leefberens yn de doarpskearnen. Der is dêrfoar goed ien miljoen euro oer yn it projekt. Ek is it mooglik om noch faktueren yn te tsjinjen foar it oanlizzen fan drainaazje yn perselen as jo dêr earder in oanfraach foar dien hawwe. Klik op ûndersteande knoppen foar mear ynformaasje oer dy ûnderwerpen.

De stikken foar de Lijst der Geldelijke Regelingen (de finansjele ôfrûning fan it projekt) lizze op besjen. Druk op de knop Wettelijke herverkaveling foar mear ynformaasje en downloads fan de dokuminten.

Wetlike werferkaveling           Drainaazje

Yn ûndersteande fideo kinne jo sjen hokker maatregels der allegearre útfierd binne de ôfrûne jierren.

Bestjoerskommisje Franekeradeel-Harlingen

Oan it stjoer fan it projekt stiet de bestjoerskommisje Franekeradeel-Harlingen dy't ferskate partijen fertsjintwurdige: Wetterskip Fryslân, gemeenten Harns en Waadhoeke, lânbou-organisaasjes LTO en NAV, Frisia Zout BV, doarpsbelangen en de Fryske Miljeu Federaasje. De provinsje Fryslân is de opdrachtjouwer. It projekt en de kommisje binne begûn doe't de gemeente Waadhoeke noch gemeente Frjentsjerteradiel hjitte. Wy hawwe de namme itselde hâlden.

Een weiland waar strepen van zand overheen lopen waar de drainage aangelegd is.

Kontakt

Hawwe jo fragen oer it projekt? Dan kinne jo kontakt opnimme fia sekretariaatgofraha@fryslan.frl of belje mei it Klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia 058 - 292 59 25.