Ien fan de lêste grutte ûnderdielen fan it projekt is in wetlike herferkaveling. Dêrby ruilje ferskate stikken grûn fan eigener. Dat bart op sa'n wize dat de ynrjochting fan it gebiet ferbettere. Sa krije in soad boeren harren grûn tichter by hûs, wêrtroch't der minder grut ferkear troch de doarpen hoecht. Ek ûntstiet der bygelyks romte om wetterbergingsgebieten oan te lizzen en lânboudiken breder te meitsjen.

De wetlike werferkaveling is hast klear. Op 28 septimber is de ruilakte ûndertekene. Dêrmei binne alle grûneigeners ek offisjeel eigener wurden fan harren nije perselen. Se koene de perselen in skoftke lyn al yn gebrûk nimme.

Yn de brosjuere is mear ynformaasje te finen oer hoe’t sa’n grutte werferkaveling wurket.

Finansjele ôfrûning - Lijst der Geldelijke Regelingen

Wat no noch moat is de finansjele ôfrûning fan it projekt. Nei ferwachting is dat yn 2025 hielendal klear en kin ek dit ûnderdiel fan it projekt ôfsletten wurde.

De Lijst der Geldelijke Regelingen (LGR) is in proseduere wêryn't de finansjele ôfrekken fan de ferkaveling regele wurdt. Fan 2 novimber oant en mei 13 desimber leit de LGR ta besjen. Jo kinne de dokuminten hjirûnder downloade.