Omdat de boaiem sakket yn it gebiet en de wetterpeilen yn de sleat net ferlege binne, kin it sa wêze dat bepaalde lânbouperselen wieter wurden binne. De drûchlizzing kin fermindere wêze, wat betsjut dat der minder ferskil sit tusken it wetterpeil yn de sleatten en it grûnwetterpeil op it lân. Yn it Ynrjochtingsplan foar it gebiet is dêrom in maatregel foar werdrainaazje opnommen. Om it lân drûch genôch te hâlden, kin in grûneigener drainaazje oanlizze litte. De Bestjoerskommisje jout in fergoeding foar it oanlizzen fan drainaazje. Foar normale drainaazje, mar ek foar spesjale anty-fersiltingsdrainaazje dy't derfoar soarget dat it wetter en de grûn net te sâlt wurde.

It is op dit stuit net mear mooglik om in bydrage oan te freegjen. Hawwe jo earder al in bydrage oanfrege en is dy tasein? Dan kinne jo noch oant ein 2024 in faktuer yntsjinje. Dy kinne jo stjoere nei:

Bestjoerskommisje Gebietsûntwikkeling Frjentsjerterael-Harns
T.a.v. H. Roos
Postbus 20120
8900 HM Ljouwert

It wurk moat uterlik ein 2024 klear wêze.

Underoan de side kinne jo ferskate dokuminten downloade mei mear ynformaasje oer drainaazje.