Wurksumheden Van Harinxmakanaal

Provinsje Fryslân wurket fan septimber 2026 oant 2028 op ferskate plakken oan it Van Harinxmakanaal. Wy ferbetterje de farwei, ûnderhâlde brêgen en fersterkje wâlskanten. Sa soargje wy derfoar dat skippen feilich en goed gebrûk meitsjen bliuwe kinne fan it kanaal.

Wêrom binne de wurksumheden nedich? 

It Van Harinxmakanaal is in wichtige farwei yn Fryslân. Om it kanaal feilich en goed befarber te hâlden, binne op ferskate plakken wurksumheden nedich. Dêrom passe wy parten fan it kanaal oan en fiere wy ûnderhâld út. 

Wat sille we dwaan? 

Op ferskate lokaasjes by it Van Harinxmakanaal del fearen wy wurksumheden út. Wy lizze wachtplakken foar skippen oan of passe dy oan. Ek meitsje we bochten rommer, ûnderhâlde we brêgen, fernije en fersterkje we wâlskanten en baggerje we parten fan it kanaal.

Oersjoch fan it wurk 

Op de kaart hjirûnder sjogge jo wêr't it wurk plakfine en wannear't se sawat pland binne. De kaart jout in oersjoch fan de ferskate projekten lâns it Van Harinxmakanaal, fan Harns oant it Prinses Margrietkanaal.

Een grafiek waar de tijdlijn op staat aangegeven welke werkzaamheden wanneer plaats zullen vinden.

De planning op de kaart is foarearst en kin noch feroarje. Op de siden fan de dielprojekten (sjoch ûnderoan dizze side) fine jo de meast aktuele ynformaasje, sadree't dy beskikber is. 

Wat stiet der krekt op boppesteande kaart

  • Frjentsjerter Frisiabrêge – ûnderhâld – 1 jannewaris 2027 oant 31 maart 2027 
  • Franeker Centrum – oanlis wachtplakken – 1 novimber 2026 oant 31 jannewaris 2027 
  • Frjentsjerter Stasjonsbrêge - ûnderhâld - 1 novimber 2026 oant 31 maart 2028 
  • Frjentsjer-East – oeverwurk en baggerjen – 1 septimber 2026 oant 31 desimber 2026 
  • Dronryp-West – wachtplakken – 1 april 2027 oant 30 april 2028 
  • Dronryp Brêge – ûnderhâld, hichtebeheining en 1 trochfeart – 1 jannewaris 2027 oant 31 maart 2027 
  • Dronryp-East – wachtplakken – 1 april 2027 oant 30 april 2028 
  • Deinum – baggerjen en wâlwurk – 1 oktober 2026 oant 31 desimber 2026 
  • HRM Swettehûs – oanpassing wachtplakken – 1 april 2027 oant 30 april 2028 
  • HRMK-West – oanpassing wachtplakken – 1 april 2027 oant 30 april 2028 
  • HRMK-East – oanpassing wachtplakken – 1 april 2027 oant 30 april 2028 
  • Binnenbocht Froskepôle – bochtferromming – 1 oktober 2027 oant 31 maart 2028 
  • Binnenbocht Langdiel - bochtferromming – 1 oktober 2026 oant 31 maart 2027

Wannear binne de wurksumheden? 

De wurksumheden oan it Van Harinxmakanaal fine plak fan septimber 2026 oant 2028. Net alle wurksumheden begjinne tagelyk. De planning ferskilt per lokaasje en kin noch feroarje. Op de siden fan de dielprojekten fine jo mear ynformaasje oer de planning. Noch net foar alle projekten binne de planning en wurksumheden bekend. Sadree't der nije ynformaasje beskikber is, folje wy de siden oan.

Wat fernimme jo fan it wurk? 

Under de wurksumheden kin tydlik hinder ûntstean foar omwenners, weibrûkers en de skipfeart. Tink oan lûd, bouferkear, omliedingen of tydlike beheiningen op it kanaal. De gefolgen ferskille per lokaasje. We besykje de hinder safolle mooglik te beheinen en ynformearje belutsenen foarôf oer de wurksumheden.

Aktuele ynformaasje en omliedingen 

Op de siden fan de dielprojekten lêze jo hokker wurksumheden plakfine en wat jo dêrfan fernimme. Dêr fine jo ek ynformaasje oer de planning, eventuele ôfslutingen en omliedingen. As der nije ynformaasje beskikber is, wurkje wy de projektsiden by.