Underhâld Frisiabrêge Frjentsjer
Provinsje Fryslân fiert fan jannewaris oant en mei maart 2027 grut ûnderhâld út oan de Frisiabrêge by Frjentsjer. Under de wurksumheden bliuwt de brêge iepen foar it dykferkear. Foar de skipfeart jildt in tydlike hichtebeheining.
Wêrom binne de wurksumheden nedich?
De Frisiabrêge is boud yn 2000 en is nei goed 25 jier ta oan grut ûnderhâld. Ferskate ûnderdielen moatte fernijd of wersteld wurde. Sa soargje we derfoar dat de brêge feilich en betrouber wurkjen bliuwt.
Wat sille we dwaan?
Wy werstelle de silinders dy't de brêge omheech en omleech bewege. Ek ferfange wy de pompynstallaasje, de elektryske bestjoering en de byhearrende kabels en apparatuer. Dêrneist ferpleatse wy de slachbomen oan de kant fan Hitsum en fiere wy graafwurksumheden út om de brêge hinne.
Wannear binne de wurksumheden?
It wurk stiet pland fan jannewaris oant en mei maart 2027. De brêge kin yn dizze perioade net iepene wurde.
Foar de skipfeart jildt in hichtebeheining fan 11 jannewaris 2027 om 07.00 oere oant en mei 25 maart 2027 om 17.00 oere.
De planning is ûnder foarbehâld.
Wat fernimme jo fan it wurk?
Weiferkear
De brêge bliuwt iepen foar it dykferkear. Somtiden wurdt ien rydstrook tydlik ôfsletten. Ferkearsljochten regelje dan it ferkear.
Skipfeart
De brêge kin ûnder de wurksumheden net iepen. Skippen dy't ûnder de sletten brêge passe, kinne trochfarre. Soms wurdt in trochfeartopening tydlik ôfsletten.
Omwenners
Troch wurksumheden op en om de brêge hinne kin tydlik hinder ûntstean. We besykje de oerlêst safolle mooglik te beheinen.
Aktuele ynformaasje
Wy fiere it ûnderhâld oan de Frisiabrêge tagelyk út mei it werstel fan de brêge yn Dronryp. Sa beheine we de hinder foar de skipfeart safolle mooglik. De kommende jierren wurket provinsje Fryslân ek op oare plakken lâns it Van Harinxmakanaal. Mear ynformaasje fine jo op Wurksumheden Van Harinxmakanaal | Fryslan