Oeverwurk en baggerwurk Frjentsjer-East

Provinsje Fryslân giet oan de slach mei de súdlike wâlskant fan it Van Harinxmakanaal by Frjentsjer-East, yn de buert fan de rioelwettersuvering. We fernije de wâlskanten en baggerje in part fan it kanaal. Sa soargje wy derfoar dat de wâlskanten wer stevich en feilich binne.

Wêrom binne de wurksumheden nedich? 

De wâlskanten fan it Van Harinxmakanaal by Frjentsjer-East binne op ferskate plakken yn minne steat. Oer in lingte fan ûngefear ien kilometer binne de houten daamwanden en peallen oantaast. Der sitte gatten yn de konstruksjes en op guon plakken spielt grûn fan de wâl fuort. 

Dêrom fernije we de wâlskanten. Sa foarkomme wy dat se fierder skansearje en soargje wy derfoar dat it kanaal feilich brûkt wurde kin.

Wat sille we dwaan? 

We fernije sa'n ien kilometer wâlkant. Net oeral brûke we deselde oplossing. We sjogge per lokaasje wat it bêste past. 

Op ferskate plakken sette wy it folgjende wurk út: 

  • Wy meitsje sawat 400 meter wâlkant minder steil en lizze stiennen oan. Sa ûntstiet in natuerfreonliker wâlkant dy't de krêft fan weagen ferminderet. 
  • Wy pleatse sa'n 200 meter stielen daamwand. In part hjirfan komt by de haven fan de rioelwettersuvering, dy't fergrutte wurdt. 
  • Wy pleatse sawat 400 meter stielen daamwand ûnder wetter en wurkje de boppekant ôf mei stiennen. 

Dêrneist baggerje wy in part fan de súdkant fan it kanaal. Dêrby helje wy grûn en slib fan de boaiem fuort. Dat is nedich om de fernijde wâlskanten en de gruttere haven goed oanslute te litten op it kanaal. 

By de wurksumheden komt ek skjinne grûn frij. Dizze grûn wurdt opnij brûkt by wurksumheden oan kaden fan Wetterskip Fryslân.

Wannear binne de wurksumheden? 

De wurksumheden steane foarearst pland fan oktober oant en mei desimber 2026. De oannimmer wurket noch oan in nije planning. Sadree't de krekte útfieringsdata bekend binne, pleatse wy dy op dizze side.

Wat fernimme jo fan it wurk? 

Wy ferwachtsje net folle hinder foar omwenners en de skipfeart. De wurksumheden fine plak yn it bûtengebiet. Mei direkt belutsenen binne ôfspraken makke oer de útfiering. It kanaal bliuwt ûnder de wurksumheden iepen foar de skipfeart. Farweibrûkers wurde ynformearre fia in skipfeartberjocht en buorden lâns de farwei.

Aktuele ynformaasje en mooglike opkearingen 

Foar de oever- en baggerwurksumheden binne gjin omliedingen of ôfslutingen fan it kanaal foarsjoen. As de planning of de gefolgen foar de omjouwing feroarje, pleatse wy nije ynformaasje op dizze side.