Wachtplakken Van Harinxmakanaal

Provinsje Fryslân leit op ferskate plakken lâns it Van Harinxmakanaal nije wachtplakken foar frachtskippen oan. Ek passe wy besteande wachtplakken oan. Dit dogge we by Frjentsjer, Dronryp en Ljouwert. Sa kinne skippen feilich wachtsje en meitsje wy it kanaal geskikt foar gruttere skippen.

 

Wêrom binne de wurksumheden nedich? 

It Van Harinxmakanaal wurdt oanpast om gruttere skippen feilich farre litte te kinnen. Dêrfoar binne ek goede en feilige wachtplakken nedich. By in wachtplak kinne frachtskippen tydlik oanlizze. Bygelyks wannear't se wachtsje oant in brêge iepengiet oft oar skipfeartferkear foarby is. Mei de wurksumheden soargje wy derfoar dat de wachtplakken geskikt binne foar it takomstige gebrûk fan it kanaal.

 

Wat sille we dwaan? 

Wy lizze nije wachtplakken oan en passe besteande wachtplakken oan. Dat dogge we benammen troch damwanden en mearpeallen te pleatsen. Damwanden ferstevigje de wâl. Oan marpeallen kinne skippen feilich fêstlizze.

Wannear binne de wurksumheden? 

Neffens de planning fan no wurkje wy op de folgjende lokaasjes: 

  • Frjentsjer, sintrum by de Stasjonsbrêge: jannewaris oant en mei april 2027. 
  • Dronryp-West en Dronryp-East: oktober 2027 oant en mei april 2028. 
  • HRM Spoorbrug en HRMK spoorbrug-West en - Oost: oktober 2027 oant en mei april 2028. 

De planning kin noch feroarje. Sadree't de krekte útfieringsdata bekend binne, diele wy dy op dizze side.

Wat fernimme jo fan it wurk? 

Under de wurksumheden binne der masines en wurkskippen oanwêzich yn en lâns it kanaal. Dit kin tydlik hinder feroarsaakje foar de skipfeart. Omwenners kinne te meitsjen krije mei bouferkear, lûd en wurksumheden oan de wâlskanten. Wy besykje derfoar te soargjen dat skippen ûnder de wurksumheden safolle mooglik gebrûk meitsjen bliuwe kinne fan it kanaal.

Aktuele ynformaasje en mooglike opkearingen 

Foardat de wurksumheden begjinne, ynformearje wy omwenners, farweibrûkers en oare belutsenen oer de planning en mooglike hinder. Soms kin it nedich wêze om in part fan de farwei tydlik ôf te sluten of it skipfeartferkear te beheinen. As dat bart, meitsje wy dat op 'e tiid bekend fia de gebrûklike ynformaasjekanalen foar de skipfeart.

Nije ynformaasje oer de wurksumheden pleatse wy ek op dizze side.