Utwreiding fan subsydzjeregeling foar wolfkearende maatregels nei mear gemeenten

Om Fryske bistehâlders stimulearje te bliuwen wolfkearende maatregels te nimmen, hat de provinsje Fryslân de besteande subsydzjeregeling fierder ferromme. Ferline jier is der in soad oanspraak makke op de regeling. Dêrom is it subsydzjebudzjet opnij ferhege mei €500.000,- en is de rintiid ferlinge. Dêrneist wurdt it fêststelde Subsidiegebied wolven Fryslân útwreide mei fjouwer ekstra gemeenten: Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel, Dantumadiel en Noardeast-Fryslân.

Deputearre Matthijs de Vries ropt op om gebrûk te meitsjen fan de subsydzjeregeling: “Wy wolle hâlders fan lânbouhúsdieren sa goed mooglik stimulearje en fasilitearje om previntive maatregels te treffen. Dêrom ha we de hjoeddeistige subsydzjeregeling op'e nij ferromme. Sa wurdt it foar in gruttere groep bistehâlders mooglik om wolfkearende materialen oan te skaffen.” 

Oanpassing 

De ferromme 'Subsidieregeling voorkomen schade door wolven provincie Fryslân’ is mei de Gebietskommisje Wolf ta stân kaam. Foarsitter Harry Oosterman: “De aangepaste regeling biedt meer duidelijkheid over de hoeveelheid gegevens die een dierhouder moet aanleveren met zijn geregistreerd dieren in het Identificatie- en Registratiesysteem.” Oanfoljend is it no ek mooglik it subsidiearre materiaal yn te setten yn buorprovinsjes. Ek as ien net wenjend is yn Fryslân, mar wol hjir syn bisten hâldt, kin der in subsydzje oanfrege wurde. De rintiid fan de hjoeddeistige subsydzjeregeling rûn oant 6 maaie 2026 en is ferlinge oant 5 oktober 2027. 

Wiziging subsydzjegebiet 

Troch resinte ûntwikkelings yn de oanwêzichheid en aktiviteiten fan wolven yn Fryslân hat it kolleezje fan Deputearre Steaten besletten it subsydzjegebiet út te wreidzjen. Dierhâlders yn de gemeenten Heerenveen, Ooststellingwerf, Opsterland, Smallingerland en Weststellingwerf koene al langer gebrûk meitsje fan de regeling. 

Fierder is de beneaming foar it subsydzjegebiet oanpast ta Subsidiegebied wolven Fryslân om betizing foar te kommen mei de gebieten foar beskerme soarten, lykas de wolf, dy't opnaam binne yn de Habitatrjochtline. It subsydzjegebiet is allinnich in geografyske begrinzing foar hâlders mei hoefdieren yn dat gebiet dy't subsydzje oanfreegje kinne foar wolfkearende rasters. It maksimale subsydzjebedrach de oanfraach bliuwt €30.000,-.

Fragen en antwurden oer subsydzje

Hoe kin ik subsydzje oanfreegje foar it nimmen fan wolfkearende maatregels?

De provinsje Fryslân stelt subsydzje beskikber foar wolfkearende maatregels by it hâlden fan skiep, geiten, hynders, ponny’s, kij, alpaca’s en ezels. 

Hâlders fan dizze bisten kinne gebrûk meitsje fan de subsydzjeregeling. Dat kin yn it troch Deputearre Steaten fêststelde wolvegebiet: gemeenten Eaststellingwerf, Weststellingwerf, Hearrenfean, Opsterlân en Smellingerlân. Hjir is de kâns op wolveaktiviteiten it grutst.

Kin ik meardere oanfragen foar subsydzje dwaan?

Ja, jo kinne meardere kearen subsydzje oanfreegje. Tink der wol om dat der in maksimaal bedrach per oanfreger jildt fan € 30.000 en dat in nije subsydzje allinnich oanfrege wurde kin as jo ek wier nije kosten meitsje foar útwreiding of oanskaf fan in wolfkearend raster. Mear ynformaasje fine jo yn de subsydzjeregeling.

Ik wenje net yn it oanwiisde wolvegebiet, mar der hawwe yn de buert wol oanfallen west. Kin ik dan ek gebrûk meitsje fan de subsydzje?

Wenje jo net yn de gemeente Eaststellingwerf, Weststellingwerf, Hearrenfean, Opsterlân of Smellingerlân en hawwe jo wol in oanfal hân op jo skiep, geiten, hynders, pony’s, kij, alpaca’s en/of ezels? Dan kinne jo oanspraak meitsje op de kalamiteiteregeling fan de subsydzjeregeling. Betingsten foar de kalamiteiteregeling binne: 

  1. Der hawwe trije oanfallen west binnen sân dagen,
  2. yn in oaniensletten regio binnen ien gemeente of twa neistlizzende gemeenten.

Wêr kin ik advys ynwinne hoe't ik de rasters it bêste pleatse kin?

Advys oer it pleatsen fan wolfkearende rasters kinne jo krije fan in wolvekonsulint. In wolvekonsulint jout fergees advys op maat. Sawol op ôfstân (telefoanysk, oer de e-mail) as op lokaasje. Dêrneist biedt hy help by it oanfreegjen fan subsydzje. Jo kinne kontakt opnimme mei wolvekonsulint Jaap Mekel fia info@mekelogischbeheer.nl

Mei ik twaddehânsk materialen brûke foar in wolfkearende ôfrastering?

Foar it krijen fan in subsydzje is it net tastien om twaddehânsk materialen te brûken omdat de kwaliteit fan de ôfrastering dan net beoardiele wurde kin. Wy wolle graach dat de apaste ôfrastering fan genôch kwaliteit is om jierrenlange beskerming tsjin oanfallen fan'e wolf te bieden. By it berekkenjen fan de subsydzjebedraggen geane wy út fan de prizen fan nije materialen.

Ik hie ferline jier in jong hynder dat noch net opnommen wie yn it I & R. Kin dat hynder dochs meinommen wurde by de berekkening?

Nee, dat is net mooglik. By it berekkenjen fan'e subsydzje geane wy út fan it trochsneed oantal registrearre lânbouhúsdieren yn it jier foardat jo de subsydzjeoanfraach dogge. Foarbyld: freegje jo in subsydzje oan yn 2025, dan sjogge wy nei it yn it Identifikaasje - en Registraasjesysteem fan jo trochinoar registrearre tal lânbouhúsdieren yn 2024.

Wat folje ik yn by fraach 2 b fan it oanfraachformulier oer it tal strekkende meters fan de ôfrastering?

Hjir folje jo it tal meters fan de folsleine ôffreding yn. Hawwe jo bygelyks in perseel fan 5 by 10 meter, dan wurdt de ôfrastering 30 meter. Namlik it omtrek fan jo perseel: 2 x 10 meter en 2 x 5 meter.

Ik haw al in wolfkearende ôfrastering oanskaft en pleatst. Kin ik dochs noch subsydzje krije?

Ja, ek as jo de wolfkearende ôfrastering al pleatst hawwe, kinne jo yn oanmerking komme foar subsydzje. Stjoer by it yntsjinjen fan de oanfraach de faktueren mei.

Mei ik oare materialen brûke as de Faunaschade PreventieKit foarskriuwt, lykas bygelyks in ôfrastering fan betongaas?

Nee, dit is net tastien. Yn de Faunaschade PreventieKit (FPK) fan BIJ 12 binne maatregels en materialen opnommen dy't bewiisd effektyf binne. Materialen dy't net yn de FPK opnaam binne, komme net foar subsydzje yn oanmerking.

Ik haw earder subsydzje krigen mar ha no mear bisten as doe. Myn lân is net útwreide. Kin ik opnij subsydzje oanfreegje?

As jo tal bisten útwreide is, mar jo perseel lân net, komme jo net yn oanmerking foar in nije subsydzje. 

Ik haw earder subsydzje krigen, mar haw no mear bisten as doe en ik haw oangrinzjend lân kocht of yn gebrûk nommen, dêr't ik wolfkearende rasters foar oanskaffe wol. Kin ik opnij subsydzje oanfreegje?

Ja, jo kinne op'e nij subsydzje oanfreegje foar it tal strekkende meters nije ôfrastering. It tal bisten dat jo kocht hawwe, telt mooglik net mei, allinnich as dit tal bisten oankocht is yn it jier foarôfgeand oan it jier dat jo de nije subsydzjeoanfraach yntsjinje. Der wurdt hjirby rekken hâlden mei it maksimale bedrach oan subsydzje dat jo op basis fan it trochsneed oantal bisten krije kinne soene en it bedrach dat jo al krigen hawwe. Mear ynformaasje fine jo yn de subsydzjeregeling.

Kin ik it formulier ek digitaal ynstjoere?

Ja, subsydzje foar wolfkearende maatregels kinne jo oanfreegje mei de blauwe knop hjirûnder. Jo hawwe DigiD (partikulieren) of eHerkenning 2 + (bedriuwen) nedich om dit formulier yn te foljen. Mear ynformaasje oer eHerkenning en it oanfreegjen derfan fine jo op www.fryslan.frl/eherkenning.

Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje. 

Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei it Klantkontaktsintrum. Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach. 

Oanfraachformulier

Stiet jo fraach der net by? Op de site fan BIJ 12 fine jo ek antwurden op faak stelde fragen.

Kontakt

Hawwe jo fragen oer de wolf of dizze side? Nim dan kontakt op mei it Klant Contact Centrum.

  • E-mail: provincie@fryslan.frl
  • Telefoan: 058 - 292 59 25
  • WhatsApp: 06 - 10 26 88 31 (op wurkdagen fan 8.30 oant 17.00 oere beskikber)