Subsydzjeregeling Ondersteuning Europese projectontwikkeling Fryslân 2026
Binne jo ynskreaun yn de Keamer fan Keaphannel, fêstige yn de provinsje Fryslân en hawwe jo in kânsryk inisjatyf om oan yntsjinningseasken fan in Europeesk subsydzjeprogramma foldwaan te kinnen? Dan komme jo mooglik foar subsydzje yn oanmerking. Jo kinne ek foar subsydzje yn oanmerking komme as jo organisaasje lid wurde wol fan in besteand Europeesk netwurk, of in nij Europeesk netwurk op te bouwen.
Fan 13 april 2026 ôf oant en mei 28 febrewaris 2027 is de Subsydzjeregeling Ondersteuning Europese projectontwikkeling Fryslân 2025 iepen. Besjoch hjir de subsydzjeregeling.
Yn totaal is der foar dizze perioade € 400.000, - beskikber. Besjoch hjir it iepenstellingsbeslút.
Subsydzjebedrach
De subsydzje bedraacht 100% fan de reële kosten.
Foar elke aktiviteit jilde de neikommende maksimale bedraggen:
- De subsydzje foar in Projektûntwikkeling, lykas neamd yn kêst 3, earste lid fan de regeling, bedraacht maksimaal € 10.000, -.
- De subsydzje foar Projektoanfraach, lykas neamd yn kêst 3, twadde lid fan de regeling, bedraacht maksimaal € 15.000, -.
- De subsydzje foar Netwurkûntwikkeling, lykas neamd yn kêst 3, tredde lid fan de regeling, bedraacht maksimaal € 20.000, -.
- De subsydzje foar Lidmaatskip besteand Europeesk netwurk, lykas neamd yn kêst 3, fjirde lid fan de regeling, bedraacht maksimaal € 5.000, - foar maksimaal twa jier lidmaatskip, dêrûnder maksimaal € 2.000, - subsydzje foar streekrjocht ta te rekkenjen reis - en ferbliuwskosten foar dielname oan it subsidiearre Lidmaatskip besteand Europeesk netwurk.
- De subsydzje foar Boppeslach projekten, lykas neamd yn kêst 3, fiifde lid fan de regeling, bedraacht maksimaal € 40.000, -
- De subsydzje foar Wurkbudzjet, bedoeld yn kêst 3, sechsde lid, bedraacht maksimaal € 25.000, -
Betingsten oanfraach subsydzje
Lêze jo de regeling om te sjen foar hokker ûnderdielen der subsydzje oanfrege wurde kin. It is belangryk dat de aktiviteit dêr't jo foar freegje, noch net folslein útfierd is.
Om yn oanmerking te kommen foar dizze subsydzje, moatte jo in posityf advys krigen hawwe fan de programmamanager of de beoardielingskommisje fan Europa Pact Fryslân. Foar mear ynformaasje ferwize wy jo nei de webside fan it Europapact Jouw kennispartner in Europese projecten - EuropaPact Fryslân
Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach:
- eHerkenning 2+;
- Posityf advys fan de programmamanager of de beoardielingskommisje fan Europa Pact Fryslân mei help fan it ynfolle beoardielingsformulier;
- In begrutting of in offerte (by leankosten kinne jo dit format brûke);
- De-minimisferklearring (allinnich fan tapassing by de folgjende aktiviteiten: projektûntwikkeling en flagship projekt);
- In machtigingsformulier as jo út namme fan in oar oanfraach dogge.
Subsydzje oanfreegje
Jo kinne jo oanfraach digitaal yntsjinje fia ûndersteande knop. Tink derom dat pas fan de iepenstellingsdatum ôf beskikber is.
Freegje hjir de subsydzje oan
Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei ús Klantkontaktsintrum (sjoch ûndersteand telefoannûmer). Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach.
Mear ynformaasje
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantkontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.