De Wet natuurbescherming beskermet guon kwetsbere plante- en bistesoarten yn Nederlân. Bygelyks troch in ferbod op it fersteuren of skansearjen fan beskerme soarten en harren heine libbensfermidden. It kin dêrby gean om soarten dy’t allinne yn natuergebieten foarkomme, lykas de grutte fjoerflinter. Ek soarten tichter by hûs, lykas de mosk en flearmûzen wurde beskerme.

Foarbylden

  • Jo wolle beammen kappe, mar jo sjogge dat der fûgels yn of yn ‘e omkriten fan ‘e beammen briede. Jo meie dan net samar kappe. As jo wachtsje oant nei it briedseizoen dan is de kâns op skealike effekten lytser. Ûndersykje ek oft der oare planten of bisten yn ‘e beammen libje.
  • Jo wolle bebouwing mei in spoumuorre slope? Dan is der in kâns dat der flearmûzen yn de spouwen libje. Om der wis fan te wêzen dat jo sa slope kinne, moatte jo dat ûndersykje (litte). Ûndersykje ek oft der oare biste- of plantesoarten oanwêzich binne.

Ûntheffing?

It ferbod om beskerme soarten skea te dwaan, jildt foar elkenien yn Nederlân. Jo krije der mooglik mei te meitsjen as jo (fer)bouwe of slope sille, (wetter)wegen oanlizze, of behear en ûnderhâld útfiere. Jo kinne ek te meitsjen krije mei dizze wet as jo beskerme soarten by oerlêst of skea bejeie of bestride wolle.

Dat hâldt net yn dat jo neat mear meie en kinne. Yn in soad situaasjes, al as net ûnder beskate betingsten, kinne jo in ûntheffing krije of kin der sels sprake wêze fan in frijstelling. In ûntheffing kinne jo daliks by ús oanfreegje, mar it kin ek fia in omjouwingsfergunning fan jo gemeente.

Kosten

As in fergunningoanfraach yntsjinne wurdt by de provinsje, binne jo de provinsje fergoedingen skuldich. Dat bedrach betelje jo oan de provinsje foar it gebrûk fan ús tsjinsten of produkten. De aktuele leezjesbedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.

Online oanfreegje

Dizze ûntheffing kinne jo ienfâldich online oanfreegje. Dêrfoar hawwe jo jo DigiD (partikulieren), of eHerkenning nivo 2+ (bedriuwen en organisaasjes) nedich.

Ûntheffing Soarten oanfreegje

Kontakt

As jo nei it trochlêzen fan de ynformaasje noch mei fragen of ûndúdlikheden sitte, of as jo in projekt yn in foaroerlis mei ús trochprate wolle, nim dan kontakt mei ús op. Dat kin fia wnb@fryslan.frl of telefoanysk: (058) 292 89 95.