Omjouwingswet yn Fryslân
Elkenien wol wenje, wurkje, ûndernimme en ferbliuwe yn in oantreklike leefomjouwing. Om romte te jaan oan nije ûntwikkelings, lykas wenningbou en enerzjytransysje, mar ek om ús moaie Fryske lânskip te behâlden, is in oersichtlike wet- en regeljouwing nedich dy't oanslút by de praktyk. Hjir is de nije Omjouwingswet foar. Op 1 jannewaris 2024 giet dizze wet yn.
Oersichtliker en tagonkliker
Der binne no ferskate wetten en regels foar romte, wenjen, ynfrastruktuer, miljeu, natuer en wetter dy't los faninoar stean. Se komme byinoar yn ien Omjouwingswet. Hjirtroch ûntstiet mear oersjoch oer hokker regels wêr jilde yn Nederlân en Fryslân. Der komt ek ien loket dêr't inisjatyfnimmers mei plannen foar de fysike leefomjouwing terjochte kinne.
Omjouwingsfisy Fryslân
Yn de Omjouwingsfisy “De romte diele” stiet wat de provinsje docht om de basiskwaliteiten fan de Fryske leefomjouwing op oarder te hâlden. Ek stiet deryn wêr't de provinsje mei de leefomjouwing fan Fryslân hinne wol: de ambysje en doelen foar de kommende 25 jier. Dat jout rjochting oan wêr't de provinsje mei partijen hinne wurkje wol. Dat bart yn programma’s, konkrete projekten en inisjativen, en as soks nedich is ek yn regels. Besjoch Omjouwingsfisy De Romte Diele yn bewegend byld(eksterne keppeling).
Fjouwer opjeften
De provinsje wol ekstra ynsette op fjouwer urginte, yntegrale opjeften:
- Fryslân fitaal, leefber en berikber hâlde;
- Enerzjytransysje mei krêft fuortsette;
- Fryslân klimaat adaptief ynrjochtsje;
- Fersterkje fan it bioferskaat.

Tarieding op 'e nij besjen Provinsjale Omjouwingsfisy
Yn it programma NOVEX wurkje alle oerheden gear oan in plan foar de ynrjochting fan Nederlân. Dêrfoar moat earst dúdlik wêze wat de romtefregers binne, wat der romtlik ynpast wurde moat. Sawol nasjonaal as regionaal. De nasjonale doelen en belangen binne byinoar brocht yn in startpakket. Dit startpakket foarmet de basis foar it lizzen fan de romtlike puzel foar elke provinsje. De provinsje Fryslân is ek dwaande - mei it Wetterskip en gemeenten - om de nasjonale opjeften en doelen romtlik oer te setten, te kombinearjen en yn te passen yn de provinsjale plannen. Want pas regionaal wurdt dúdlik wêr't de kânsen lizze en wêr't it knypt. It wurkjen hjiroan leveret boustiennen op foar de Provinsjale Omjouwingsfisy. Begjin 2024 sille Provinsjale Steaten beslute hoe 't de feroaring Provinsjale Omjouwingsfisy úteinsette kin en hokker partisipaasje dêrby past.
Omjouwingsferoardering
Sadree't de Omjouwingswet yn wurking giet, jilde ek de regels fan de Omjouwingsoardering Fryslân 2022. Dy Oardening slút oan op de ambysjes en opjeften út de Omjouwingsfisy ‘De romte diele’. De Omjouwingsferoardering ferfangt in grut tal feroarderingen. Regels út ferskate feroarderingen steane dan yn ien dokumint, foar mear oersjoch.
Mear witte?
Ynformaasje oer de Omjouwingswet is te finen op de webside fan de Ryksoerheid(eksterne keppeling). Of sjoch op Oan de slach mei de Omjouwingswet(eksterne keppeling).
Hawwe jo in fraach oer de gefolgen fan de NOVEX foar Fryslân, oer de Omjouwingsfisy of Omjouwingsoardering? Nim gerêst kontakt op mei ús Klantkontaktsintrum fia provincie@fryslan.frl.

Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.