Mear witte oer it beskermjen fan plante- en bistesoarten?
Fariaasje yn biste- en plantesoarten is wichtich foar in libbene en produktive natuer. Guon yn it wyld libjende soarten yn Nederlân, lykas flearmûzen, toerswellen en hûsmosken, binne kwetsber en moatte goed beskerme wurde. Dat beskermjen is regele yn ’e Wet natuerbeskerming.
Hokker soarten binne beskerme?
De Wet natuerbeskerming hat trije beskermingsrezjyms foar yn Nederlân yn it wyld libjende dieren en planten:
- Kêst 3.1 – Soarten út ’e Fûgelrjochtline
- Kêst 3.5 – Soarten út ’e Habitatrjochtline
- Kêst 3.10 – Oare soarten (allinne nasjonaal beskerme)
Skea oan soarten
Ferlet fan ûntheffing?
It is wichtich dat jo witte oft in aktiviteit yn striid is mei de wet en hokker effekt oft soks hat op beskerme soarten. Om nei te gean oft jo foar jo aktiviteit faaks ferlet hawwe fan in ûntheffing, binne de neikommende stappen fan belang.
Stap 1. Binne der beskerme soarten op ’e lokaasje?
In ekologysk saakkundige kin it bêste fêststelle oft der beskerme planten of bisten oanwêzich binne op ’e lokaasje dêr’t jo in aktiviteit útfiere wolle. Binne der gjin beskerme soarten? Dan hoege jo gjin ûntheffing oan te freegjen. Tip: Bewarje it rapport fan ’e saakkundige, sadat jo dat, mochten der noch fragen wêze, by de hân hawwe.
Stap 2. Feroarsaket jo aktiviteit negative effekten?
Ut it ûndersyk fan in ekologysk saakkundige kin bliken dwaan dat der ek beskerme soarten oanwêzich binne. Dy saakkundige kin allyksa oanjaan oft jo aktiviteit negative effekten hat op dy soarten. Jo aktiviteit mei gjin skea opsmite foar de oanwêzige beskerme soarten.
Stap 3: Brûk safolle as ’t kin in frijstelling of gedrachskoade
Foar in stikmannich aktiviteiten jilde frijstellings foar guon soarten. Sa kinne foar behear en ûnderhâld en romtlike yngrepen troch it Ministearje fan LNV goedkarde gedrachskoades(eksterne link) fan tapassing wêze. Yn ’e provinsjale feroardering(eksterne link) binne in stikmannich frijstellingen(eksterne link) regele. As jo foar jo aktiviteit in goedkarde gedrachskoade of de provinsjale feroardering brûke kinne, hoege jo gjin ûntheffing oan te freegjen.
Stap 4. Besykje skea oan beskerme soarten foar te kommen
Hat it wurk negative effekten op beskerme bisten of planten? Dan moatte jo prikken yn ’t wurk stelle om te sjen oft jo jo wurk ek op sa’n wize útfiere kinne, dat effekten fermindere wurde. Jo kinne dêrfoar in ekologysk saakkundige ynskeakelje, om dêr tegearre mei jo nei te sjen. Yn ’e regel kinne negative effekten tefoaren kommen wurde troch previntive maatregels te nimmen (mitigearjende maatregels). Tink dêrby bygelyks oan it ûntsjen fan ’e soarten en harren fuortplantingsplakken of fêste rêst- of ferbliuwsplakken of it oanbieden fan alternative ferbliuwsplakken wilens dat it wurk dien wurdt. Foar in stikmannich soarten is in kennisdokumint(eksterne link) ûntwikkele, dêr’t maatregels om negative effekten tefoaren te kommen yn opnommen binne.
Oertrêding en ûntheffing
As jo nei it nimmen fan ’e foargeande stappen net tefoaren komme kinne, dat alles dochs net giet sa’t it winlik moatte soe en der dus negative effekten binne op beskerme soarten, dan moatte jo in ûntheffing hawwe. Jo kinne dy ûntheffing streekrjocht by de provinsje oanfreegje troch it yntsjinjen fan it (digitale) oanfraachformulier. As jo noch ferlet fan in oare fergunning (bygelyks bou- of oanlisfergunning) fan in oare oerheid (Ryk, provinsje of gemeente) hawwe, kin ek ûntheffing oanfrege wurde fia in saneamde Verklaring van geen bedenkingen (Vvgb). Dy Vvgb wurdt oanfrege troch de oerheidsynstânsje dêr’t jo de fergunning by oanfrege hawwe. Jo hawwe dan te krijen mei íén proseduere en krije ek íén fergunning foar ferskate aspekten.
Skea troch soarten
Aktiviteiten kinne skea dwaan oan soarten, mar soarten kinne bytiden ek skea dwaan oan jo of jo eigendommen. Jo meie allinne yn in soad gefallen bisten net samar fange en/of deameitsje. Hawwe jo bygelyks skea oan gewaaksen of is de folkssûnens of de iepenbiere feiligens yn gefaar troch dy bisten? Dan kin yn guon gefallen in ûntheffing oanfrege wurde.
Tink derom: Untheffing foar skeaferoarsaakjende soarten kin gauris allinne ôfjûn wurde op grûn fan in faunabehear- en/of soartebehearplan. Sa jouwe wy yn ’e regel de ûntheffing foar it bestriden fan skea oan ’e Faunabehearienheid Fryslân mei in troch de provinsje goedkard faunabeheerplan(eksterne link). Gean dus earst nei oft der al in ûntheffing jûn is oan ’e Faunabehearienheid Fryslân. Foar oerlêst fan soarten yn ’e beboude kom kinne jo kontakt opnimme mei jo gemeente of fia it meldpunt vleermuizen en steenmarters(eksterne link).
Hoe wurdt in ûntheffingsoanfraach behannele?
De prosedueretiid foar it behanneljen fan jo oanfraach is 13 wiken. Dy termyn kin ien kear mei 7 wiken ferlinge wurde. De proseduere ferrint neffens de neikommende stappen:
- As jo jo oanfraach yn in foaroerlis mei ús trochprate wolle, dan kinne jo kontakt opnimme mei de Frontoffice Wet natuerbeskerming. Op sa’n wize reitsje jo goed op ’e hichte fan ’e krekte ynformaasje dêr’t wy ferlet fan hawwe. Soks kin de proseduere in stik flugger ferrinne litte.
- Jo kinne jo oanfraach online yntsjinje (link). Wolle jo leaver op in oare wize jo oanfraach yntsjinje? Dan kinne jo it ynfolle oanfraachformulier oer de e-mail opstjoere nei it e-mailadres wnb@fryslan.frl. Jo kinne jo oanfraach ek oer de post ferstjoere.
- Nei it ynkommen fan jo oanfraach stjoere wy in ûntfangstbefestiging mei in saaknûmer dêr’t jo oanfraach ûnder registrearre is. By dy ûntfangstbefestiging wurdt ek in saaknûmer tastjoerd dêr’t jo oanfraach ûnder registrearre is. By dy ûntfangstbefestiging wurdt ek in faktuer meistjoerd foar it beteljen fan legeskosten(eksterne link).
- Jo krije digitaal of skriftlik tynge fan ús as jo oanfraach net folslein is. Wy stelle jo yn ’e gelegenheid om jo oanfraach folslein te meitsjen. De tiid dy’t jo krije om jo oanfraach folslein te meitsjen wurdt opteld by de prosedueretiid.
- Wy beoardielje jo oanfraach ynhâldlik en hifkje dy oan ’e wetlike easken.
- Wy nimme it definitive beslút. Op alle besluten kin beswier makke wurde. De beswiertermyn fan seis wiken hâldt net yn, dat it beslút útsteld wurdt. Jo kinne dus oan ’e slach sadree’t de ûntheffingstermyn fan it beslút yngiet.
Bestriden fan skea 2017-2019
Guon soarten kinne skea oanrjochtsje oan gewaaksen dy’t op it lân steane en/of floara en fauna. Om dy skea tefoaren te kommen, kin it bestriden fan ’e skeatabringers needsaaklik wêze. Hjirûnder is mear ynformaasje te finen oer de ûntheffings ûnder de Wet natuerbeskerming op grûn wêrfan’t it bestriden fan skea oanpakt wurde kin.
Untheffingsgebiet brûken ljochtbak foks
Iepenje grutte kaart (mei mear ynformaasje)(eksterne link)
Kontakt
As jo nei it trochlêzen fan ’e ynformaasje noch mei fragen of ûndúdlikheden sitte, of as jo in projekt yn in foaroerlis mei ús trochprate wolle, nim dan kontakt mei ús op. Dat kin fia wnb@fryslan.frl of telefoanysk: 058 - 292 89 95.