Romtlike kwaliteit, Lânskip en Kultuerhistoarje

De provinsjale belangen foar Lânskip en Kultuerhistoarje binne beskreaun yn de Omjouwingsfisy ‘De Romte diele’(eksterne keppeling) en de tematyske struktuerfyzje Grutsk op ’e Romte(eksterne keppeling). Foar it útfieren fan de Omjouwingsfisy wurkje wy oan in startnotysje foar it Programma Lânskip.

Team Romtlike kwaliteit fan de provinsje Fryslân is in team fan saakkundigen mei ferskate spesjalisaasjes en advisearret yntern en ekstern oer de romtlike kwaliteit yn Fryslân. Advisearje, gearwurkje en ynspirearje binne de útgongspunten. Mail nei: rk-team@fryslan.frl(eksterne keppeling) foar mear ynformaasje.

Eftergrûnstúdzje(eksterne keppeling)

Een weiland met een aantal bomen en een boerderij op de achtergrond

Magazine Grutsk op ús Lânskip

Oer de wearden fan it Fryske lânskip en hoe 't we der oan wurkje, lêze jo yn ús magazine Grutsk op ús lânskip.

Grutsk op ús lânskip

It Magazine iepenet yn in nij finster as jo op 'e blauwe knop klikke. Brûk as browser Chrome of Firefox. Jo kinne it magazine it bêste besjen op in kompjûter.

Krêft fan it Untwerp

Sjoch hjir(eksterne keppeling) foar de Anita Andriesenprijs foar Romtlike kwaliteit. By de útrikking yn 2021 wie it tema “de krêft fan Untwerp”. Atelier Fryslân hat fan oktober 2008 oant oktober 2012, net-frege en frege advisearre oer de romtlike kwaliteit yn Fryslân. Dit binne de advizen(eksterne keppeling) fan Atelier Fryslân. Mear witte? Mail dan nei deprovincie@fryslan.frl

Erfgoed, Monuminten en Argeology

Lânskip, monuminten, argeology en kultuerhistoarje binne wichtige tema’s yn Fryslân. Yn it beliedsplan Nij Poadium (side 46 o/m 59) steane de ambysjes foar Erfgoed foar de perioade 2021 oant en mei 2024.  

Op de Kultuerhistoaryske kaart fan Fryslân kinne jo ierdkundige, argeologyske, histoaryske geografyske en bouhistoaryske saken opsykje.

Monuminten en Argeology

Sykje jo nei subsydzje foar restauraasje, werbestimming, ûnderhâld of ûndersyk fan monuminten of karakteristike gebouwen/bouwurken? De Subsydzjeregeling Monuminten (SUMO) wurdt alle jierren iepensteld. Sjoch hjir foar de regeling.

It Kultuerfûns foar Monuminten Fryslân (eksterne keppeling)is in revolvearjend fûns (liening tsjin in lege rinte. It behear is by it Nationaal Restauratiefûns (NRF). Spesjaal foar Fryske karakteristike monuminten, dy’t gjin ryksmonumint binne.

Foar it behâld fan monuminten is in oanhâldend gebrûk essinsjeel. Neist boppeneamde regelingen foar werbestimming is der in Kenniscentrum Herbestemming Noord(eksterne keppeling), dat fraach en oanbod byinoar bringt.

Foar mear ynformaasje oer it keapjen, ûnderhâlden, ferduorsumjen en finansierjen fan monuminten en karakteristike gebouwen sjoch Monumenten.nl | Fuortwiis yn monumintelân(eksterne keppeling). Hjiryn stiet ek in oersjoch fan it belied en regels fan ryk, provinsje en gemeenten.

Oer argeologysk ûndersyk yn Fryslân fine jo ynformaasje fia:

Tsjerken

Foar frijkommende tsjerkegebouwen docht de provinsje mei oan de nasjonale tsjerke-oanpak. It Platfoarm Fryske Tsjerken advisearret en stimt ûnderlinge aksjes oer in nije bestimming of in oare bestimming dernjonken ôf. Der is in team Fryske Tsjerken, dat lokaal en fergees helpt by it finen fan oplossings foar leechstân, ûnderhâld en werbestimming fan tsjerken. Mear ynformaasje: Stipepunt Monumintesoarch Fryslân, 058 – 266 25 19, dbloemhof@monumentenzorg.frl. Ideeën foar werbestimming fine jo hjir: herbestemming kerkgebouwen.
 

Takomst Fryske Pleats, subsydzjeregeling dakken Fryske pleatsen en projekt werbestimming

Foar de Fryske identiteit, skiednis en lânskip foarmet de pleats in reade tried. Wy wolle de Fryske Pleats as kearnwearde fan it Fryske erfgoed en kultuerlânskip ûntwikkelje en behâlde. Sadat pleatsen en hiemen yn de takomst in duorsum plak hawwe yn it kultuerlânskip en foldogge oan nije opjeften en funksjes. Der is in wurkplan Takomst Fryske Pleats mei praatplaat, mei dêryn de acht dielprojekten.

Eigeners fan Fryske buorkerijen dy 't beskerme binne as ryks - of gemeentlik monumint of as karakteristyk yn it bestimmingsplan, kinne fan 8 tm 24 july 2023 subsydzje oanfreegje by de provinsje foar it werstel fan it dak. Mear ynformaasje.

Mei it Leader-projekt Nije fitaliteit troch âlde pleatsen krije fiif passende werbestimmingen fan monumintale pleatsen maksimaal € 25.000 foar it herstel fan it dak. Mear ynformaasje.

Erfgoed en en romtlike opjeften (Erfgoed Deal)

It ryk, gemeenten, provinsjes en maatskiplike organisaasje wurkje gear yn de Erfgoed Deal, om erfgoed yn te setten by de grutte romtlike opjeften lykas duorsumens, klimaatadaptaasje en stedske groei en krimp.

Yn Fryslân binne wy by belutsen by dizze Erfgoed Deal: