Rûnreizgjende eksposysje: Wetterierde

Wetterierde: Hoe kinne wy libje en wenje op en mei it wetter?

Net fjochtsje tsjin it wetter, mar libje mei it wetter. Troch klimaatferoaring stiet Fryslân de kommende desennia foar yngripende karren as it giet om de ynrjochting fan it lân. Mear romte meitsje foar wetter en dus it peil ferheegje is in logyske kar om boaiemoksidaasje tsjin te gean en de swietwetterfoarried út te wreidzjen.

Wat as it wetterpeil yn it Feangreidegebiet omheech giet? Hoe kinne we dêr dan wenje, wurkje en libje? En hoe sjocht sa'n lânskip derút?

Studinten fan ferskate opliedings, ûnder oare de Academie voor Bouwkunde út Amsterdam en de universiteit fan Lund, hawwe sjoen nei de mooglikheden foar de Feangreide. 

Harren ideeën ynspirearje en binne te sjen op de ekspo Wateraarde. In mozayk fan ideeën foar it lânskip en stêdebou - yn de foarm fan in libbensgrutte puzel.

De ekspo is foar de simmer te sjen yn: 

  • Drachten fan 5 oant en mei 19 juny yn it Sluisfabryk, Tussendiepen 6, 9206 AD Drachten
  • Ljouwert fan 22 juny oant en mei 12 july yn Obe, (by de Aldehou), Heer Ivostraatje 1, 8911 DZ Ljouwert

Dit binne de aktiviteiten om de eksposysje hinne:

  • 11 juny 2025 Tema jûn: Biobased bouwe mei materiaal út de Feangreide 
    Fan 19:30 - 21:00 oere yn it Sluisfabryk yn Drachten
  • 24 juny 2025 om 19:30 temajûn Ljouwert: yn petear oer in wetterrobúst lânskip
  • 3 july 2025 Feangreidespul, yn gearwurking mei de Uitkijkers, yn Obe yn Ljouwert

Reaksje op of opjefte: rk-team@fryslan.frl ûnder fermelding fan de aktiviteit. De aktiviteit op 3 july wurdt koördinearre troch de Uitkijkers. Oanmelde kin fia Kom puzzelen met veenweide! - Uitkijkers

Graach oant sjen!

Een expositie van kartonnen dozen waar werelddelen in uitgesneden zijn. De uitsneden liggen op de grond.

Partisipaasje oangeande jonge monuminten (1965 -2000)

Ynwenners fan Fryslân hawwe yn it foarjier fan 2024 potinsjele jonge monuminten oandroegen en der op stimd. 

Help mee met de lijst jong erfgoed (stimfanfryslan.frl)]

Mei it ferline foarút – ynspiraasjebylden foar ûntwikkeljen fan takomstplan 

Werkend Landschap en Landschapsbeheer Friesland hawwe it ferline fan gebieten fan Fryslân skematysk yn kaart brocht mei lânskipshistoarysk- en ûntwerpend ûndersyk. Dat levere in set ynspiraasjebylden op, dy't behelpsum binne foar in frisse blik op de takomst. Dat helpt beliedsmakkers, bestjoerders en grûneigeners by de ûntwikkeling fan in takomstplan foar harren gebiet. 

Mei it ferline foarút

Takomst Fryske Pleats - Foar ynspiraasje!

Foar de Fryske identiteit, skiednis en lânskip foarmet de pleats in reade tried. Wy wolle de Fryske Pleats as kearnwearde fan it Fryske erfgoed en kultuerlânskip ûntwikkelje en behâlde. Sadat pleatsen en hiemen yn de takomst in duorsum plak hawwe yn it kultuerlânskip en foldogge oan nije opjeften en funksjes. Yn 2021 wie der in projekt om de Fryske pleats hinne, wêrby 't in wurkplan Takomst Fryske Pleats mei praatplaat makke is, mei dêryn acht dielprojekten.

Ién fan de dielprojekten is werbestemming. Yn it ramt hjirfan is it projekt Nije fitaliteit yn âlde pleatsen útfierd yn it Leader-gebiet Noardwest Fryslân

Tsjerken

Foar frijkommende tsjerkegebouwen docht de provinsje mei oan de nasjonale tsjerke-oanpak. It Platfoarm Fryske Tsjerken advisearret en stimt ûnderlinge aksjes oer in nije bestimming of in oare bestimming dernjonken ôf. Der is in team Fryske Tsjerken, dat lokaal en fergees helpt by it finen fan oplossings foar leechstân, ûnderhâld en werbestimming fan tsjerken. Mear ynformaasje: Stipepunt Monumintesoarch Fryslân, 058 – 266 25 19, dbloemhof@monumentenzorg.frl. Ideeën foar werbestimming fine jo hjir: herbestemming kerkgebouwen.