Rûnreizgjende eksposysje: Wetterierde

Wetterierde: Hoe kinne wy libje en wenje op en mei it wetter?

Net fjochtsje tsjin it wetter, mar libje mei it wetter. Troch klimaatferoaring stiet Fryslân de kommende desennia foar yngripende karren as it giet om de ynrjochting fan it lân. Mear romte meitsje foar wetter en dus it peil ferheegje is in logyske kar om boaiemoksidaasje tsjin te gean en de swietwetterfoarried út te wreidzjen.

Wat as it wetterpeil yn it Feangreidegebiet omheech giet? Hoe kinne we dêr dan wenje, wurkje en libje? En hoe sjocht sa'n lânskip derút?

Studinten fan ferskate opliedings, ûnder oare de Academie voor Bouwkunde út Amsterdam en de universiteit fan Lund, hawwe sjoen nei de mooglikheden foar de Feangreide. 

Harren ideeën ynspirearje en binne te sjen op de ekspo Wateraarde. In mozayk fan ideeën foar it lânskip en stêdebou - yn de foarm fan in libbensgrutte puzel.

De ekspo is foar de simmer te sjen yn: 

  • Hearrenfean fan 3 oant en mei 27 febrewaris 2026 yn De Kas, Van Kleffenslaan 5, 8442 CW Hearrenfean.
  • Iepeningstiden De Kas: moandei o / m tongersdei fan 8.30 oant 16.00 oere.

Graach oant sjen!

Een expositie van kartonnen dozen waar werelddelen in uitgesneden zijn. De uitsneden liggen op de grond.

Partisipaasje oangeande jonge monuminten (1965 -2000)

Ynwenners fan Fryslân hawwe yn it foarjier fan 2024 potinsjele jonge monuminten oandroegen en der op stimd. Dit is de link nei de resultaten dêrfan.

Mei it ferline foarút – ynspiraasjebylden foar ûntwikkeljen fan takomstplan 

Werkend Landschap en Landschapsbeheer Friesland hawwe it ferline fan gebieten fan Fryslân skematysk yn kaart brocht mei lânskipshistoarysk- en ûntwerpend ûndersyk. Dat levere in set ynspiraasjebylden op, dy't behelpsum binne foar in frisse blik op de takomst. Dat helpt beliedsmakkers, bestjoerders en grûneigeners by de ûntwikkeling fan in takomstplan foar harren gebiet. 

Mei it ferline foarút

Takomst Fryske Pleats - Foar ynspiraasje!

Foar de Fryske identiteit, skiednis en lânskip foarmet de pleats in reade tried. Wy wolle de Fryske Pleats as kearnwearde fan it Fryske erfgoed en kultuerlânskip ûntwikkelje en behâlde. Sadat pleatsen en hiemen yn de takomst in duorsum plak hawwe yn it kultuerlânskip en foldogge oan nije opjeften en funksjes. Yn 2021 wie der in projekt om de Fryske pleats hinne, wêrby 't in wurkplan Takomst Fryske Pleats mei praatplaat makke is, mei dêryn acht dielprojekten.

Ién fan de dielprojekten is werbestemming. Yn it ramt hjirfan is it projekt Nije fitaliteit yn âlde pleatsen útfierd yn it Leader-gebiet Noardwest Fryslân

Tsjerken

Foar frijkommende tsjerkegebouwen docht de provinsje mei oan de nasjonale tsjerke-oanpak. It Platfoarm Fryske Tsjerken advisearret en stimt ûnderlinge aksjes oer in nije bestimming of in oare bestimming dernjonken ôf. Der is in team Fryske Tsjerken, dat lokaal en fergees helpt by it finen fan oplossings foar leechstân, ûnderhâld en werbestimming fan tsjerken. Mear ynformaasje: Stipepunt Monumintesoarch Fryslân, 058 – 266 25 19, dbloemhof@monumentenzorg.frl. Ideeën foar werbestimming fine jo hjir: herbestemming kerkgebouwen.

Doarpeatlas

Wat is it goud (de skaaimerken en wearden) fan de Fryske doarpen en stêden? Hoe binne dy ûntstean? De skaaimerken jouwe oan wat wichtich is om te behâlden en jouwe hâldfêst by plannen foar de takomst. Sjoch op www.dorpenatlas.frl en draach ek by: stjoer jo foto’s en ferhalen yn! NB: Wy besjogge noch oft wy dizze webside frysktalich meitsje kinne.

Op de Kultuerhistoryske kaart fan Fryslân kinne jo ierdkundige, archeologyske, histoarysk geografyske en bouhistoaryske saken opsykje.

Dêrneist is der in archeologyske beliedskaart de FAMKE: Fryske Archeologyske Monumintekaart Extra. 

Mear oer archeology yn Fryslân:

Kwaliteiten fan Makkum (en oare Fryske badplakken)

Yn opdracht fan de gemeente Súdwest Fryslân is der in stúdzje makke oer de kwaliteiten fan Makkum. Der steane oanbefellings yn hoe't dy benut wurde kinne by takomstige ûntwikkelingen.

De oanbefellings binne ek nijsgjirrich foar Warkum, Hylpen, Starum en De Lemmer.

Erfgoeddeals - Erfgoed en romtlike opjeften

It ryk, gemeenten, provinsjes en maatskiplike organisaasjes wurkje gear yn de Erfgoed Deal, om erfgoed yn te setten by de grutte romtlike opjeften lykas duorsumens, klimaatadaptaasje en stedske groei en krimp.

Yn Fryslân binne wy belutsen by dizze projekten út de Erfgoed Deal:

Foar Greppellân is de notysje “Kruidenrijk greppelland” opsteld.

Frysk lânskip

Atelier Fryslân hat fan 2008 oant 2012, net frege en frege oer de romtlike kwaliteit yn Fryslân. Dizze stúdzjes binne noch hieltyd aktueel en kinne ynspirearje by fraachstikken yn 'e romte. 

Se gean oer ferskate ûnderwerpen: 

  • Klimaatferoaring en wyn- en sinne-enerzjy, bedriuweterreinen;
  • doarpen: Wetterdoarp Heech, lânskip tusken doarp tsjinoer stêd om Folsgeare hinne, fersterking doarpslint yn de Westereen, boer en lânskip;
  • ûntwikkeling om ferkearsknooppunt De Jouwer en de N359;
  • Waadkustgebiet;
  • Keunst yn Iepenbiere romte.

Krêft fan it Untwerp

Untwerpend ûndersyk is in krêftige ûndersyksmetoade dêr't romtlike problemen yntegraal en kreatyf by benadere wurde. Twa foarbylden dêrfan:

Stúdzjes fan studinten út Lund

Ynternasjonale studinten fan de universiteit út it Sweedske Lund binne twa kear nei Ljouwert kaam. Se hawwe ideeën betocht foar it Spoordok-gebiet yn Ljouwert. En ek tochten se nei oer it gebiet tusken Ljouwert en it Waad. Sjoch hjir nei harren ideeën:

Eftergrûnstúdsjes

De Anita Andriesenpriis foar Romtlike Kwaliteit is in oeuvrepriis en wol in ympuls jaan oan it behâld en de ûntwikkeling fan de romtlike kwaliteit yn Fryslân. By de útrikking yn 2021 wie it tema “de kracht van Ontwerp”.