Foar boude monuminten (read) en griene monuminten binne der ferskate subsydzjes mooglik. 

Sykje jo subsydzje foar restauraasje, werbestimming, ûnderhâld of ûndersyk fan (griene) monuminten of karakteristike gebouwen / bouwurken? Jo kinne jierliks yn septimber in oanfraach dwaan fia de regeling Subsydzje Monuminten (SUMO)

Griene monuminten

Ek binne der foar it (kultuer)lânskip mooglikheden foar it werstellen en behearen, sawol foar it agraryske gebiet as foar natuergebieten. Bygelyks fia iepenstellingen foar net-produktive ynvestearrings binnen it GLB, it Agrarysk Natuer- en Lânskipsbehear, Subsydzjeregeling Natuer en Lânskip en de beammen- en de beammestrategy. Mear ynformaasje oer aktuele iepenstellingen: Subsydzjes | Fryslan 

Geboude monuminten

Dêrneist binne der finansjele mooglikheden by it Cultuurfonds voor Monumenten Fryslân. Dêrby giet it om revolvearjend fûns (liening tsjin in lege rinte). It behear is by it Nationaal Restauratiefonds (WanneF). Dat is spesjaal foar gemeentlike monuminten en oare karakteristike monuminten, dy't gjin ryksmonumint binne. 

Foar it behâld fan monuminten is in bliuwend gebrûk wichtich. Neist boppeneamde regelings foar werbestimming is der ek in Kenniscentrum Herbestemming Noord, dy't earsteline stipe jout foar fragen oangeande in konkrete werbestimming en dy't fraach en oanbod byinoar bringt. Spesifyk foar frijkommende tsjerken is der stipe fia it Koördinaasjepunt Fryske Tsjerken.

Foar mear ynformaasje oer it keapjen, ûnderhâlden, ferduorsumjen en finansierjen fan monuminten en karakteristike gebouwen sjoch Monumenten.nl | Fuortwiis yn monumintelân. Hjiryn stiet ek in oersjoch fan it belied en regels fan ryk, provinsje en gemeenten.