2. Subsydzje en stype

Foar monuminten (read en grien) en lânskip binne der troch de provinsje ferskate subsydzjes en ûndersteuningsmooglikheden beskikber steld. 

Subsydzje monuminten

Binne jo op syk nei subsydzje foar restauraasje, werbestimming, ûnderhâld of ûndersyk fan (reade en griene) monuminten of karakteristike pannen / bouwurken? Jo kinne jierliks yn septimber in oanfraach dwaan fia de regeling Subsidie Monumenten (SUMO)

Dêrneist binne der finansjele mooglikheden by it Cultuurfonds voor Monumenten Fryslân. Dêrby giet it om revolvearjend fûns (liening tsjin in lege rinte). It behear is by it Nationaal Restauratiefonds (WanneF). Dat is spesjaal foar gemeentlike monuminten en oare karakteristike monuminten, dy't gjin ryksmonumint binne. 

Subsydzje Lânskip

Ek binne der foar it (kultuer)lânskip mooglikheden foar it werstellen en behearen, sawol foar it agraryske gebiet as foar natuergebieten wêrûnder lânguod. Bygelyks fia iepenstellingen foar net-produktive ynvestearrings binnen it GLB, it Agrarysk Natuer- en Lânskipsbehear, Subsydzjeregeling Natuer en Lânskip en de  beammen- en bossenstrategy. 

Subsydzjedieloket

Foar subzjes by oare oerheden sjoch: Subsidies | Fryslan

Foar subsydzje by oare oerheden sjoch: Monumenten.nl | Wegwijs in monumentenland.

Stipe monuminten

By it Steunpunt Monumentenzorg is der foar erfgoed en archeology in helpdesk foar ynformaasje en fragen oer fergunningen, prosedueres en subsydzjes, Fryske erfgoedorganisaasjes of erfgoedprojekten. 

Foar fragen oer werbestimming is der in Kenniscentrum Herbestemming Noord, dy't earsteline stipe jout foar fragen oangeande in konkrete werbestimming en dy't fraach en oanbod byinoar bringt. Spesifyk foar frijkommende tsjerken is der stipe fia it Coördinatiepunt Fryske Tsjerken

Foar mear ynformaasje oer it keapjen, ûnderhâlden, ferduorsumjen en finansierjen fan monuminten en karakteristike gebouwen sjoch Monumenten.nl | Wegwijs in monumentenland. Hjiryn stiet ek in oersjoch fan it belied en regels fan ryk, provinsje en gemeenten. 

Stipe Lânskip

Foar fragen oer lânskip ferfollet Landschapsbeheer Friesland in loketfunksje as it giet om bewenners/organisaasjes dy't in aktive rol (wolle) ferfolje by it ynrjochtsjen en behearen fan kultuerhistoaryske en bioferskate lânskippen/lânskipsstruktueren. Dat kin gean om ynhâldlike lânskipsfragen, bygelyks oer kultuerhistoarje of bioferskaat, mar ek oer oanlizzen- of behear-technyske fragen. Troch dy stipe wurde bewenners/organisaasjes yn de gelegenheid steld om sels oan de slach te gean op it eigen hiem of yn de eigen omjouwing.