1. Belied en kaarten
Belied
It provinsjale belied foar behâld en ûntwikkeling fan Lânskip en Kultuerhistoarje binne beskreaun yn de Omjouwingsfisy ‘De Romte diele’. Dizze Omjouwingsfisy wurdt no wersjoen. Lânskiplike en kultuerhistoaryske struktueren en eleminten fan provinsjaal belang steane yn it resint aktualisearre dokumint Grutsk op ‘e Romte. Dit dokumint is direkt keppele oan de Omgevingsvisie. De regels dy't hjir by hearren binne, binne opnommen yn de Omjouwingsferoardening.
Lânskip
It lânskip hat altyd de start west foar de ynpassing fan ûntwikkelingen. Tagelyk is it ek altyd it resultaat derfan. Dêrneist kin it lânskip ús antwurd jaan op in soad útdagingen: as wy ús kennis, ferbylding en ûntwerpkrêft goed ynsette.
Yn it lânskip komme op dit stuit in soad fraachstikken byinoar. Wat binne de opjeften dy't op ús ôfkomme? Hoe geane wy hjir op in soarchfâldige wize mei om? In lânskip dat bydraacht oan brede wolfeart, wêryn't ynwenners, ûndernimmers en gasten bliid binne mei, èn soarchdrage foar de omjouwing? Wa hat dêryn hokker rol? En wat is de provinsjale rol? Wêr leit ús fokus? Hoe soargje we derfoar dat we de moaiste provinsje fan Nederlân bliuwe?
Omjouwingsprogramma Lânskip
Antwurden op dy fragen wurkje wy út yn in nij Omjouwingsprogramma Lânskip. Foar dit omjouwingsprogramma is in startnotitie-programma-landschap-fryslan fêststeld. Nei de fernijing fan de Omjouwingsfisy pakke wy dizze startnotysje foar it Omjouwingsprogramma Lânskip op.
Team Romtlike kwaliteit
Team Romtlike kwaliteit fan de provinsje Fryslân is in team fan saakkundigen mei ferskate spesjalisaasjes en advisearret yntern en ekstern oer de romtlike kwaliteit yn Fryslân út de provinsjale rol wei en mei Grutsk op ‘e Romte as fertrekpunt. Advisearje, gearwurkje en ynspirearje binne de útgongspunten. Mail nei: provincie@fryslan.frl foar mear ynformaasje.
Erfgoed
De provinsje Fryslân set him yn foar it behâld en ûntwikkeljen fan it Fryske erfgoed. De provinsje stipet ek erfgoedynstellings, restauraasjes en werbestimmingen. Foar wichtige opjeften lizze der kânsen om keppelings mei erfgoed te meitsjen, bygelyks yn de projekten Erfgoeddeal Waddenkust K(l)eigoed (werbestimming, leefberens en rekreaasje) en Erfgoed Deal Greppelland (lânbou, bioferskaat en klimaat) en de beammen- en bossestrategy.
Omjouwingsprogramma Erf-Goed 2020 -2028
De iuwenlange Fryske skiednis hat in rike skat oan erfgoed efterlitten. Oft it no terpen, monuminten, doarpsgesichten of kultuerlânskippen binne: mei-inoar foarmje se in ûnskiedber ûnderdiel fan de identiteit en it ferhaal fan Fryslân. It bepaalt ek tige de kwaliteit fan ús leefomjouwing, wurkomjouwing en fêstigingsklimaat en de kânsen foar toerisme en rekreaasje. Sa draacht erfgoed by oan de brede wolfeart yn ús provinsje.
It omjouwingsprogramma Erf-Goed 2020 -2028 rjochtet him op de útwurking en útfiering fan it erfgoedbelied dat fêstlein is yn de omjouwingsfisy, besteande út:
- boud erfgoed, lykas ryksmonuminten, karakteristike bouwurken, steds- en doarpsgesichten;
- argeologysk erfgoed;
- kultuerlânskiplik en grien erfgoed.
Hjir fine jo it folsleine Omgevingsprogramma Erf-Goed 2025-2028.
Kaarten
Op de Kultuerhistoaryske kaart fan Fryslân kinne jo ierdkundige, archeologyske, histoarysk geografyske en bouhistoaryske saken opsykje.
Dêrneist is der in archeologyske beliedskaart de FAMKE: Fryske Archeologyske Monumintekaart Extra. Sa komme jo dêrby: archeologyske beliedskaart FAMKE.
Mear oer archeology yn Fryslân:
- de archeologyske stipepunten;
- ús archeologysk depot yn Nuis;
Op de Landschapstypenkaart Fryslân fine jo ynformaasje oer de ferskate typen lânskip yn ús provinsje.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.