Oersetten en bewurkjen fan literatuer

De subsydzjeregeling foar it oersetten fan literatuer is iepen fan:

  • 19 jannewaris 2026 oant en mei 29 maaie 2026 (earste iepenstelling);
  • 17 augustus 2026 oant en mei 23 oktober 2026 (twadde iepenstelling)

It subsydzje hat te’n doel om it oersetten fan Frysktalige fiksje, non-fiksje en toanielstikken te befoarderjen. It subsydzjeplafond is € 20.000,- periepenstelling in 2026.

Op grûn fan dizze regeling kinne útjouwers en organisaasjes dy’t harren foar it measte part dwaande hâlde mei de Fryske taal of dy’t as streektaalorganisaasje tsjinje subsydzje oanfreegje foar: 

  • it oersetten fan Frysktalige boeken yn in oare taal of Fryske streektaal;
  • it oersetten fan boeken yn de Fryske taal;
  • it oersetten fan in manuskript fan in noch net ferskynd boek nei it Frysk;
  • It redigearjen of taalkundich ferbetterjen fan nij Fryske fiksje of non-fiksje.

Toanielstikken

Op grûn fan dizze regeling is it ek mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it oersetten fan in toanielstik yn de Fryske taal. In oanfraach kin dan yntsjinne wurde troch in rjochtspersoan mei folslein rjochtsfoech dy’t foar it grutste part rjochte is op toaniel, bygelyks in toanielferiening.

Fryske streektalen

Neist it oersetten nei it Frysk is de regeling ek ornearre foar oersettings nei in yn Fryslân aktyf brûkte Fryske streektaal, sa as bygelyks it Biltsk of it Hylpersk.

Betingsten

Lês de regeling earst troch om te besjen oft jo oan de betingsten foldwaan kinne. De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 2.2 fan de Subsydzjeregeling  Kultuer en Mienskip Fryslân. 

Oanfraach yntsjinje 

Jo kinne de oanfraach digitaal yntsjinje fia ûndersteande knop.

Oanfraachformulier

Lês de regeling goed troch. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.

Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach: 

  1. eHerkenning 2+ (foar stichtingen, ferienings en koöperaasjes);
  2. Oeuvre oersjoch fan de oersetter;
  3. As fan tapassing: Bewiis fan lidmaatskip fan it Nederlands Genootschap van Tolken en Vertalers of fan de Auteursbond;
  4. In machtigingsformulier (allinnich as jo út namme fan in oar in oanfraach dogge);
  5. By machtiging: stikken dêr't út bliken docht wa't it foech hat om te ûndertekenjen (úttreksel Keamer fan Keaphannel en evt statuten).

Hat jo stifing of feriening net eHerkenning? Jo kinne dan gebrûk meitsje fan jo eigen DigiD mar dan as machtige foar de oanfreegjende organisaasje. De oanfraach stiet dan op namme fan de organisaasje, mei jo as machtige. Yn dat gefal moatte jo in machtigingsformulier en KvK úttreksel (en eventueel statuten) uploade.

Help nedich?

Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei ús Klantekontaktsintrum (sjoch ûndersteand telefoannûmer). Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach.

Mear ynformaasje

As jo fragen hawwe oer de regeling kinne jo belje mei ús Klantekontaktsintrum  op tillefoannûmer 058 - 292 59 25 of maile nei provincie@fryslan.frl.

Let op: U kunt uw aanvraag voor deze regeling digitaal indienen. Hiervoor heeft u DigiD (als particulier) of eHerkenning  (als onderneming) nodig.

Zie hier voor meer informatie.

Nadat u met DigiD of eHerkenning bent ingelogd kunt u uw aanvraag tussentijds opslaan en later (binnen 5 dagen) opnieuw