Nije Natura 2000-behearplannen

Gebied de Alde Feanen. Een waterplas met daar omheen gras en een blauwe hemel met wat wolken.

De kommende jierren fernije wy in oantal behearplannen foar Natura 2000-gebieten. Yn dy plannen stiet wat de doelen binne dy't wy helje moatte yn it gebiet en hokker maatregels dêrfoar nedich binne. De kommende tiid nimme wy in oantal stappen om ta nije behearplannen te kommen. Wy evaluearje it hjoeddeiske behearplan, ûndersykje litte, bepale hokker (nije) maatregels nedich binne, meitsje in konsept behearplan en toetsen dy't by belanghawwenden en omwenners en meitsje dan it definitive behearplan. 

Op dizze side lêze jo mear oer de ûndersiken dy't wy de kommende tiid útfiere sille en de stappen dy't wy útfiere sille om ta in nij behearplan te kommen. We beginnen met de beheerplannen voor de Natura 2000 - gebieden op de Waddeneilanden. Dêrnei begjinne wy dy prosessen ek op foar de gebieten op it fêste lân.

LESA: Hoe funksjonearret it natuergebiet? 

Om te begjinnen litte we in Landschaps-ekologyske Systeemanalyse (LESA) útfiere per Natura 2000 - gebiet. Dit is in ûndersyk dat sjen lit hoe't in natuergebiet funksjonearret. Dêrby sjogge wy nei ferskate ûnderdielen en hoe't dy ûnderdielen fan ynfloed binne opinoar: 

  • De boaiem: de boppeste laach grûn dêr't planten yn groeie kinne, mar ek de opbou fan de djippere ûndergrûn. \
  • It wetter: wat de ynfloed is fan reinfal en fan de sleatten en rivieren of beken yn in gebiet, mar ek hoe't it mei it grûnwetter en grûnwetterstreamingen giet en hoe goed oft de grûn yn steat is om wetter fêst te hâlden.
  • It lânskip: de foarmen dy'tst sjochst yn it lânskip, lykas heuvels en dellingen, mar ek dunen en rivieren.
  • De planten en bisten: de planten dy't yn in gebiet groeie, lykas strûken, moassen, gerzen en beammen, mar ek de bisten dy't der ûnder - en boppegrûns libje.
  • De loft: de kwaliteit fan de loft boppe in gebiet, mar ek de temperatuer, wyn en delslach

Wêrom is dit wichtich? 

De LESA lit sjen wêr't knyppunten sitte yn it natuergebiet en oft de doelen dy't wy helber hawwe. It lit ek sjen oan hokker knoppen wy draaie kinne yn in gebiet, bygelyks de wetterstannen of de bewezing. Dat jout wer sicht op hokker maatregels helpe kinne om de doelen foar it Natura 2000 - gebiet te heljen. Soms sil it al mooglik wêze om konklúzjes te lûken oer wat wichtige faktoaren binne en te bepalen hokker maatregels helpe kinne. Yn oare gefallen is der miskien mear ûndersyk nedich. As dat it gefal is, dan nimme wy it ekstra ûndersyk as maatregel mei yn it nije behearplan foar dat gebiet. 

Wêr komt de ynformaasje wei? 

De LESA wurdt opsteld troch in saakkundich advysburo. Sy brûke resinte gegevens út mjittings en ûndersiken en keppelje dat oan al besteande ynformaasje fan in gebiet. Dat binne bygelyks boaiemmonsters, wettermjittings of kaarten dêr't de fegetaasje (planten) op yntekene binne. Ek brûke se ynformaasje fan terreinbehearders en oare belutsenen fan in gebiet. 

Jo ynformaasje oer in Natura 2000-gebiet 

Jo kinne ek ynformaasje oanleverje foar de LESA fan in Natura 2000-gebiet. Hawwe jo bygelyks (âlde) foto’s, kaarten of oare ynformaasje oer in Natura 2000 - gebiet en de omkriten dêromhinne dy't jo ús meijaan wolle? Dan kinne jo dat fia it formulier ûnder ûndersteande knop oanleverje. It ûndersyksburo beoardielet de gegevens en nimme dy wêr mooglik mei yn de LESA. 

Meikoarten folget der in oersjoch fan datums foar de uterlike oanleverdatum. Wolle jo nei dy datum noch wat oanleverje? Dat kin! Dan slagget it ús net mear om it materiaal mei te nimmen yn dizze LESA, mar dan nimme wy de ynformaasje mei foar it ferfolch. De LESA wurdt de kommende jierren bliuwend oanfolle.

Oanleverje ynformaasje foar LESA yn Natura 2000-gebieten

Gebied op Ameland. Een groen veld met in de verte een klein meertje en een bewolkte hemel.

NDA: Hoe stiet it derfoar mei de doelen dy't wy helje moatte? 

It is wichtich om goed sicht te hawwen op de steat fan de natuer yn de Fryske natuergebieten. Dêrom hawwe wy foar de stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten natuerdoelanalyzes (NDA’s) makke. Dit binne analyzes wêryn't stiet hoe't it mei de natuer yn de gebieten giet. Foar elk Natura 2000-gebiet binne de ferskate doelen opskreaun. Bygelyks as it giet om de beskerming fan bepaalde fûgelsoarten of it werstel fan lânskippen. Yn de NDA’s stiet hokker doelen wy wol en net helje sille en hokker knyppunten oft eventueel binne. De analyzes binne yn 2024 útfierd en binne te finen op dizze side.  

Stappen nije behearplannen 

Wy sette ferskate stappen om de nije behearplannen te meitsjen. Hjirûnder sjochst hokker stappen oft dat binne en op hokker mominten oftst meitinke kinst, kinst ynformearje litte oftst reaksje jaan kinst. 

  • Stap 1: LESA 
    We litte per Natura 2000-gebiet in LESA útfiere.
  • Stap 2: Evaluearje
    Wy evaluearje it hjoeddeistige behearplan fan in Natura 2000-gebiet.
  • Stap 3: Ynformearje en meitinke 
    Wy ynformearje belutsenen en omwenners oer de útkomsten fan de LESA en de evaluaasje yn in ynringearkomste. Do meist ús feedback jaan en kinst ús oandachtspunten en ideeën meijaan foar it nije behearplan.
  • Stap 4: Untwerp behearplan 
    Wy meitsje it konsept foar it nije behearplan. Dêrfoar brûke wy de ynformaasje út de LESA, de NDA, de evaluaasje en de ynformaasje dy’t wy by belutsenen en omwenners ophelle hawwe.

 

  • Stap 5: Ynformearje en reaksjes
    Wy diele it ûntwerp behearplan mei belutsenen en omwenners en freegje om reaksje op it plan. Dat dogge wy op in ynringearkomste. De reaksjes fan belutsenen en omwenners wurde beoardiele en ferwurke yn it behearplan. Dêrnei set de offisjele proseduere útein, wêryn't Deputearre Steaten fan Fryslân it ûntwerp behearplan fêststelle en ta besjen lizze. Yn it op besjen lizzen kinne belanghawwenden in sjenswize (reaksje) op it plan ynstjoere.
  • Stap 6: Reaksjes ferwurkje en definityf plan
    Wy ferwurkje de reaksjes en sjenswizen safolle as mooglik is yn de plannen en meitsje it definitive behearplan.
  • Stap 7: Fêststellen definityf plan
    Deputearre Steaten stelle it definitive plan fêst. Dêrnei is der noch romte foar belanghawwenden om berop yn te stellen tsjin it plan. Nei't ek dy beropsperioade foarby is, is it behearplan definityf en publisearje wy dy op ús website.
Duinen op Terschelling waar een klein meertje in ligt en een wit paardje staat aan de rand van het meertje.

Planning 

We starten met het proces voor de nieuwe beheerplannen met de Waddeneilanden, daarna volgen de Natura 2000-gebieden op het vaste land. Konkrete datums foar ynringearkomste of oare ynformaasjemominten fine jo op dizze side sadree't dy bekend binne.