Op ûndersteande kaart is te sjen hokker gebieten yn Fryslân ûnderdiel binne fan Natuurnetwerk Nederland (NNN). It NNN is in netwurk fan natuergebieten mei wichtige (ynter)nasjonale natuerwearden. It NNN is de rêchbonke foar de ûntwikkeling fan natuer yn de provinsje.

It natuernetwurk sa't it op ûndersteande kaart stiet, begrinzget it gebiet dat foar natuerûntwikkeling yn oanmerking komt. Net elk perseel binnen it natuernetwurk is no dus al natuergebiet. Guon gebieten moatte noch ûntwikkele wurde. Dat bart bygelyks oan de hân fan natuerbehearplannen. Ek de Natura 2000-gebieten binne ûnderdiel fan it NNN. Op dizze pagina kinst sjen yn hokker gebietsûntwikkelingsprojekten wy it natuernetwurk ynrjochtsje. 

Open grote kaart (met meer informatie en legenda)(eksterne keppeling)

Jaar 2014 (Feroardering Romte Fryslân)