N358 Skieding en Uterwei

Goed sân jier lyn is de earste faze fan it wurk oan de provinsjale dyk N358 tusken Blauforlaet en de A7 útfierd. Wy leinen ûnder oare betonstroken oan en brochten nij asfalt mei strepen oan. De grutste put oan dizze dyk begjint no, yn 2025.
It wurk is opdield yn stikken: earst Uterwei en it súdlike part fan de Skieding, letter dit jier start Skieding Noord. Dêrnei plantsje we it grien. Al mei al ferwachtsje wy begjin 2027 klear te wêzen mei de wurksumheden.
De oannimmer
De wurken Skieding Súd en Uterwei binne yntusken opdroegen oan BAM Infra Regionaal Drachten. De yntinsje is dat ek Skieding Noard opdroegen wurde sil oan dizze oannimmer.
App wurk troch BAM Infra Wegen
Spesjaal foar it wurk dat BAM útfiert hat BAM in bouwapp. Dy is net fan de provinsje Fryslân mar fan BAM. Sa hawwe jo altyd aktuele ynformaasje by de hân oer wurksumheden oan provinsjale diken.
Jo kinne de BAM BouwApp fia de QR-koade ynlade.
