De wurksumheden binne opdield yn Skieding Noard en Skieding Súd. Earst pakke we de wurksumheden oan Skieding Súd oan. It giet dêrby om it part fan de rotonde ôf by de krusing fan de Folgersterloane en de Drachtsterwei oant it carpoolterrein by de oansluting op de A7. Letter sette we útein mei it diel fan de krusing oant en mei de rotonde yn Surhústerfean. Dat is Skieding Noard.

Een auto rijdt over de weg De Skieding.

Grûnoankeap

Foar Skieding Noord hawwe wy noch net alle grûn yn besit om de dyk oan te passen. Yn 2023 geane we dêrom fierder mei de ûnderhannelingen mei de grûneigeners. Wy ferwachtsje de nedige grûn yn it foarjier fan 2023 yn besit te hawwen.

Kabels en liedingen

De ôfrûne perioade hawwe wy kabels en liedingen ferlein by Skieding Súd. Op dit stuit binne wy yn petear mei netbehearders oer it ferlizzen fan kabels en liedingen by Skieding Noard. In part fan de kabels en liedings kinne wy pas ferlizze by it útfieren fan de wurksumheden oan de dyk, omdat wy earst nije bermen oanlizze moatte.

Beammekap

Om de kabels en liedingen by Skieding Súd ferlizze te kinnen hawwe wy de ôfrûne tiid beammen kapt. Yn 2023 moatte we noch mear beammen fuorthelje, ek by Skieding Noard. Foar dizze beammen plantsje we op in letter momint nije beammen werom. Dat dogge wy yn it plantseizoen, as alle wurksumheden oan de dyk klear binne.

Sloop wenten

Yn de foarige nijsbrief melden wy jo dat der in tal wenten sloopt wurde moatte by Skieding Noard. Koartlyn hawwe we in wenning sloopt by Surhústerfean. Yn 2023 folget noch in tal wenningen en bedriuwsloadsen. Yn it neijier hawwe wy flearmûskasten pleatst yn de buert fan de wenten dy 't sloopt wurde moatte. Sa jouwe we flearmûzen in ferfangend ferbliuwplak.

Planning

De tariedingen foar de wurksumheden oan Skieding Súd binne hast klear. Dat betsjut dat we yn febrewaris 2023 starte kinne mei de oanbesteging fan it wurk. As dat slagget, dan kinne we foar de simmer fan 2023 bekend meitsje hokker oannimmer de wurksumheden útfiere sil.

Foar Skieding Noard binne we noch net sa fier. Dêrom kinne wy de planning foar dizze wurksumheden op dit stuit noch net mei jo diele. We ferwachtsje de tarieding fan de wurksumheden wol yn 2023 dwaan te kinnen. Dêr berjochtsje wy jo letter op 'e nij oer.

Op 'e hichte bliuwe?

Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan de wurksumheden oan de Skieding? Meld jo dan fia de knop oan foar de digitale nijsbrief. Hawwe jo gjin e-mailadres en wolle jo graach op 'e hichte bliuwe? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum fia ûndersteand telefoannûmer om in nijsbrief op papier oan te freegjen.

Oanmelden digitale nijsbrief

Kontakt

Hawwe jo fragen of opmerkingen oer dit projekt? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fia provincie@fryslan.frl of troch te beljen nei 058 292 5925 fan moandei oant en mei freed ûnder kantoaroeren.