N358 Uterwei
Wurksumheden Uterwei ôfrûne
Update: febrewaris 2026
De wurksumheden oan de Uterwei binne suksesfol ôfrûne. Yn desimber 2025 is de nije tunnel feestlik iepene en yntusken folop yn gebrûk. Hjirmei hawwe wy in wichtige stap set yn it ferbetterjen fan de ferkearsfeiligens en trochstreaming yn it gebiet.
Yn de maitiid fan 2026 folget de ôfrûning: it pleatsen fan beplanting om de fytstunnel hinne. De dyk en de omjouwing krije dêrmei harren definitive, griene ynrjochting.
Op in oare lokaasje lâns de N358 wurkje we yntusken fierder, oan de Skieding Noord. Benijd nei dit projekt?
Foto-ympresje iepening
Fytstunnel N358
3D-fisualisaasje
Op'e hichte fan de Rysloane pleatse wy in fytstunnel. Sa hoege fytsers en fuotgongers net mear oer de Uterwei, mar kinne se feilich ûnder de dyk troch.
Timelapse oanlis
Nije dyk en ovonde
Op ferskate plakken is de Uterwei oanpakt. By de oansluting fan It Langfal is in ovonde (in ovale rotonde) kommen. De oansluting fan de Rysloane op de provinsjale dyk is ferdwûn. De Rysloane en Suderheawei slute fia in paralleldyk oan op de ovonde.
De ovonde soarget foar mear feiligens foar al it ferkear. Fytsers kinne yn twa kear oerstekke.
Tusken de ovonde by It Langfal en It Oast hatt de dyk nij asfalt krigen. De bermen binne steviger en we lizze oan beide kanten betonstroken, lykas op oare parten fan de dyk. Ek binne der trije passearstroken foar lânbouferkear, sadat trekkers en oar grut ferkear feilich ynhelle wurde kinne.
Wy hawwe fan de ovonde in filmke makke. Jo kinne dit besjen op ús YouTube-kanaal fia dizze link: Een 3D-visualisatie voor de nieuwe ovonde in Surhuizum (youtube.com)
App wurk troch BAM Infra Wegen
Spesjaal foar it wurk dat BAM útfiert hawwe sy in bouwapp. Dy is net fan de provinsje Fryslân mar fan BAM. Foar alle ynformaasje kinne jo dy app downloade en dêryn sjen.

Op 'e hichte bliuwe?
Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan de wurksumheden oan de Uterwei? Meld jo dan fia ûndersteande knop oan foar de digitale nijsbrief. Hawwe jo gjin e-mailadres en wolle jo graach op 'e hichte bliuwe? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum fia ûndersteand telefoannûmer om in nijsbrief op papier oan te freegjen.
Kontakt
Hawwe jo fragen of opmerkings oer dit projekt? Dan kinne jo kontakt opnimme fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 fan moandei oant en mei freed ûnder kantoartiden of e-mail provincie@fryslan.frl.