"Noflik buorkje in Fryslân”
Lânboubeliedsbrief 2021 -2030 

Yn jannewaris 2025 hawwe Provinsjale Steaten de nije lânboubeliedsbrief 2020 -2030 "Noflik Buorkje yn Fryslân" fêststeld. Dy biedt in op'e takomst rjochte plan foar de Fryske agraryske sektor. De lêste jierren is de situaasje yn de lânbousektor bot oan it feroarjen en dêrom is dizze nije beliedsbrief needsaaklik. 

De beliedsbrief beklammet it belang fan Fryslân as dé lânbouprovinsje fan Nederlân. Mei de Fryske boeren stribbet de provinsje nei in ferskate en takomstbestindige lânbousektor, wêrby't de fokus leit op brede wolfeart. Itensproduksje bliuwt sintraal stean, mar der wurdt sterker ynset op kwalitative yn stee fan kwantitative groei, mei each foar ferbreding fan it bedriuwsmodel. Hjirby produsearje boeren net allinnich iten, mar ek maatskiplike tsjinsten. 

De beliedsbrief, opsteld mei boeren, natuerorganisaasjes, ûnderwiisynstellings, agraryske belangebehertigers en it bedriuwslibben, rjochtet him op in mearjierrich en kânsryk takomstperspektyf foar de Fryske lânbou. De provinsje hat, boppe-op de besteande finansjele lânboumiddels, € 2 miljoen beskikber steld om de ambysjes út it beliedsbrief te realisearjen. De maatregels kinne fariearje fan subsydzjes op ynvestearringen en bettere foarsjenningen oant it wurkjen oan koarte ketens en ynnovaasje. It sluten fan kringlopen is in wichtich tema mei it each op de ôfskaffing fan de derogaasje en de dongkrisis dy't dêrtroch ûntstien is. Ek it oanstjoeren op in saneamde ' Lânbouhaadstruktuer'komt deryn werom. Hjirbinnen wurdt heechweardige lânbougrûn beskerme en wurde agraryske ûntwikkelmooglikheden mear ôfstimd op de natuerlike omstannichheden yn in gebiet. Dat hâldt ek ferbân mei de nije Provinsjale Omjouwingsfisy dêr't oan wurke wurdt. 

Utfieringsaginda Lânbou 

De provinsje Fryslân hat yn july 2025 de Utfieringsaginda Lânbou 2021 -2030 presintearre. Dy aginda is de praktyske oersetting fan de Beliedsbrief Lânbou en befettet konkrete aksjes, prioriteiten en finansjele ramten om de Fryske lânbousektor te fersterkjen en takomstbestindich te meitsjen.

Untwikkelpaden en aksjelinen

Fiif ûntwikkelpaden steane hjirbinnen sintraal: hightech iepen systemen, duorsume lânbousystemen, lânbou kombinearre mei natuer - en lânskipsbehear, multyfunksjonele bedriuwen en hightech sletten systemen. Dy oanpak biedt romte oan ynnovaasje en maatskiplike wearden. De aginda befettet njoggen tematyske aksjelinen dy't mei-inoar de koers bepale foar de takomst fan de Fryske agrofoodsektor.

Dizze aginda is ek ta stân kommen mei brede ynbring fan boeren, oerheden, kennisynstellingen en belange-organisaasjes. In part fan it budzjet is fleksibel ynsetber, wêrtroch't romte ûntstiet foar nije inisjativen en bystjoering op basis fan aktuele ûntwikkelingen. 

Finânsjes en monitoaring 

Foar de útfiering is oant maart 2027 sa'n € 1,7 miljoen oan provinsjale middels beskikber. Dêrneist ferwachtet de provinsje fia lanlike maatregelpakketten en it GLB (Mienskiplik Lânboubelied) ek tsientallen miljoenen euro's ynsette te kinnen om de Fryske lânbousektor fierder te fersterkjen en takomstbestindich te meitsjen.