Mienskiplik Lânboubelied (MLB)
Takomstbestindich buorkjen
Ryk, provinsjes, gemeenten en wetterskippen wurkje gear mei alle belutsenen op it plattelân om takomstbestindige lânbou mooglik te meitsjen. Echte feroaringen fine ommers faak plak troch beslissingen dy't oan'e keukenstafel, op it boerehiem of yn it bûtengebiet nommen wurde.
It Mienskiplik Lânboubelied (GLB) biedt in grut tal Europeeske, nasjonale en provinsjale stipemaatregels. Yn de perioade 2021 -2027 is sa’n € 1.100 miljoen jiers beskikber foar fierdere ferduorsuming fan de lânbou. Sa krije boeren in fergoeding dy't, njonken it produsearjen fan iten, ek omtinken hawwe foar de natuer en it miljeu. In spesjaal yn it libben roppen regyorganisaasje GLB stipet de gearwurking fan alle belutsenen, sjocht ta op de útfiering en jout stipe en advys wêr nedich. Op dizze webside fine jo alle ynformaasje oer it GLB op in rige.
GLB-regelingen dy't op dit stuit iepen stean:
Utfiering gebietsplan Fryslân (SNN)
Wolsto bydrage oan it ferbetterjen fan lânbou, klimaat, natuer en de leefomjouwing yn Fryslân? Freegje dan subsydzje oan foar it yn gearwurking útfieren fan in gebietsplan. Oanfreegje en mear ynformaasje? Sjoch op de webside fan SNN: Utfiering gebietsplan Fryslân | SNN
GLB-regelingen 2025 (net mear oan te freegjen)
- Subsydzje foar herstel en ynrjochting fan it Frysk lanlik gebiet
Bisto in partikulier of organisaasje (gjin lânboubedriuw) en wolst ynvestearje yn maatregels dy't it Fryske lânskip, it bioferskaat of de wetterkwaliteit ferbetterje? Freegje dan subsydzje oan foar dyn net-produktive ynvestearring. De iepenstelling fan dizze regeling is fan 1 maaie oant 30 july 2025 17.00 oere. Oanfreegje en mear ynformaasje? Sjoch op de webside fan SNN: Niet-productieve investeringen landschap, biodiversiteit en water - Fryslân 2025 | SNN

Planning 2025
Besjoch it oersjoch fan de iepenstellingen fan de GLB-regelingen yn 2025.
In gearfetting fan de ynhâld fan de regelingen yn 2025 fine jo yn dit oersjoch:
It Nasjonaal Strategysk Plan
Op 1 jannewaris 2023 is it Nationaal Strategisch Plan (NSP) yngien. It NSP is ûnderdiel fan it GLB en is de opfolger fan it foargeande GLB 2014 -2022 dêr't de POP 3 (Plattelands Ontwikkelingsprogramma) ûnderdiel fan wie.
It NSP hat de folgjende doelen:
- tûke, fearkrêftige lânbou;
- miljeu, bioferskaat en klimaat;
- brede plattelânsûntwikkeling.
Oerkoepeljende doelen binne kennis, ynnovaasje en netwurkfoarming. Agrariërs kinne in fergoeding krije foar it fersterkjen fan de natuer en in leefber plattelân. Der is subsydzje beskikber foar duorsume ynvestearringen lykas bedriuwsmodernisearring, ammoniakmaatregels of in lichter masinepark.
It NSP wurdt útfierd troch Ryk en provinsje mei-inoar. Dit betsjut dat der sawol troch de provinsje as troch it Ryk subsydzjeiepenstellingen dien wurde kinne. Op de webside www.RVO.nl fine jo alle subsydzjes fan it Ryk.

GLB-regelingen
It Mienskiplik Lânbou Belied bestiet út grûnbûne regelingen, lykas de basisstipe, de eko-regelingen en it Agrarysk Natuer - en Lânskipsbehear (ANLb). Dêrneist binne der net oan grûn bûne regelingen foar it realisearjen fan in duorsume omjouwing. Hjirby giet it om:
- Projektsubsydzjes: foar gearwurking, ynnovaasje, ynvestearringen en kennisdieling;
- JOLA: stiet foar jonge lânbouwers. Is ûnderdiel fan de projektsubsydzjes, wêrby't jonge boeren en túnkers ekstra stipe wurde;
- LEADER: subsydzjes foar lokale plattelânsûntwikkeling mei omtinken foar klimaat, miljeu, wetter en bioferskaat
De provinsjes fiere it ANLb en de regelingen dy't net oan grûn bûn binne út en kinne binnen de kaders ynfolling jaan oan it doel dêr't se dy regelingen foar ynsette.
Der binne subsydzjemooglikheden foar:
- Produktive ynvestearrings ek foar jonge lânbouwers: Ynvestearrings foar op it agraryske bedriuw lykas masines, voedselhagen en wetteropslach.
- Net produktive ynvestearrings op net-lânboubedriuwen: Ynvestearrings foar werstel en ynrjochting fan it lanlik gebiet bygelyks troch lânskipseleminten, ynvestearrings foar klimaat bestindige wetterhúshâlding en bioferskaat.
- Net produktive ynvestearrings op lânboubedriuwen: Ynvestearrings op agraryske grûn foar bygelyks lânskipseleminten, wetterberging en bioferskaat.
- Gearwurking foar ynnovaasje yn it ramt fan EIP: Ynnovaasjeprojekten foar de lânbou.
- Gearwurking foar plattelânsûntwikkeling-LEADER: Projekten foar de sosjale en ekonomyske ûntwikkeling fan it plattelân.
- Gearwurking foar yntegrale gebietsûntwikkeling: It skriuwen en útfieren fan in gebietsplan foar bygelyks it werstellen fan it bioferskaat, bydrage oan duorsume lânbou, sûne boaiems en behâld fan it (kultuer)lânskip.
- Kennisfersprieding en ynformaasje: It jaan fan trainingen, workshops, coaching oan lânbouwers en / of it foarmjen fan in demonstraasjeprojekt op eigen lânboubedriuw foar it dielen fan besteande kennis.
Oar
- De regeling ‘Europeeske Lânbousubsydzje provinsje Fryslân 2023 -2027’ mei dêryn de subsydzjebetingsten, fine jo fia dizze link.
- Wolle jo ien fan de provinsjale subsydzjes oanfreegje? Dat kin fia de webside www.SNN.nl.
Wolle jo ien fan de Rykssubsydzjes oanfreegje út it nije GLB? Dat kin fia RVO:
- Foar grûnbûne regelingen lykas de basispreemje Nije link graach taheakje: GLB-subsidies aanvragen 2025 | RVO.nl
- Foar projektsubsydzjes:GLB-projektsubsydzjes (SABE) | RVO.nl (net oan grûn bûne regelingen) lykas ynnovaasje en kennisdieling.
- Foar gearwurkingsprojekten yn feangreidegebieten en Natura 2000-oergongsgebieten: Samenwerking in veenweidegebieden en Natura 2000-overgangsgebieden | RVO.nl
Algemiene ynformaasje
- Mear ynformaasje regelingen Regelingen en instrumenten | Toekomst GLB
- Op Europeesk nivo Europese Commissie
- Simulatietool 2025 | RVO.nl
- Flyer subsyszjes Mienskiplik Lânboubelied, bij hokker organisaasjes kinne jo terjochte
Webinars, gearfetting, fragen & antwurden
Provinsje Fryslân organisearret geregeld in ynformaasjegearkomste of webinar oer in (nije) regeling - faak yn gearwurking mei SNN - om jo sa goed mooglik paadwiis te meitsjen yn de ynhâld fan de regelingen. Hjirûnder fine jo de links nei eardere webinars, mar ek in tal handige gearfettingen fan regelings én praktyske fragen & antwurden.
Gearwurking yntegrale gebietsûntwikkeling
Mei dy subsydzje (besteande út twa regelings) stypje wy it opsetten fan in gearwurkingsferbân, it opstellen fan in gebietsopjefte en it útwurkjen dêrfan yn in gebietsplan. Dêrmei wurdt bydroegen oan it ferbetterjen fan lânbou, klimaat, natuer en de leefomjouwing yn Fryslân.
- Gearfetting fan de twa regelingen ‘Planvorming gebiedsontwikkeling Fryslân’ en ‘Utfiering gebietsplan Fryslân’
- Gearwurking yntegrale gebietsûntwikkeling (ynkl. animaasjefideo mei útlis)
- Fragen & antwurden by de regelings gearwurking yntegrale gebietsûntwikkeling
- De regeling Utfiering gebietsplan Fryslân | SNN iepenet op 31 july 2025.
Kontakt
Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (SNN) is jo oansprekpunt. It SNN fiert foar de trije noardlike provinsjes it NSP út. Dit betsjut dat SNN de subsydzje-oanfragen behannelet en de oanfregers stipet.
Hawwe jo in fraach oangeande it dwaan fan oanfraach foar in besteande iepenstelling, nim dan kontakt op mei SNN.
Hawwe jo in algemiene fraach oer it GLB, POP3(+), it NSP of de subsydzjes? Dan kinne jo maile of belje mei de provinsje Fryslân fia provincie@fryslan.frl / 058 - 292 59 25.