Gebietsûntwikkeling Keningsdjip
De gebietsûntwikkeling Koningsdiep giet oer de nije ynrjochting fan it beekdal Koningsdiep. Yn dizze delling streamt de beek Alddjip troch de Fryske Wâlden, lâns de doarpen Bakkefean, Wynjewâld, Oerterp en Beetstersweach. Yn de folksmûle wurdt de beek ek wol Keningsdjip of Boarn neamd.
Yn dizze beekdelling wurdt nije natuer oanlein en krijt wetter mear de romte. Mei oare partijen, yn dielplannen en stap foar stap krijt it gebiet foarm. It westlike part fan de beekdelling (de ûnderloop) is hast klear (sjoch de ljocht- en donkergriene dielen op it kaartsje). No binne wy ta oan de folgjende faze, de 5e útfieringsmodule.

Fierdere ynrjochting Koningsdiep start yn hjerst 2026
Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân hawwe de plannen fêststeld foar de fierdere ynrjochting fan de boppe - en middenrin fan de beekdelling Alddjip (Keningsdjip). Ek binne de reaksjes út de omjouwing besjoen en beäntwurde yn in reaksjenota. De wurksumheden fan de 5e útfieringsmodule begjinne nei ferwachting yn de hjerst fan 2026 en barre stap foar stap.
De bestjoeren fan provinsje en wetterskip hawwe ynstimd mei: it ynrjochtingsprogramma de 5e útfieringsmodule Koningsdiep de nota mei reaksjes út de omjouwing en it miljeu-effektrapport (MER). Mei dizze plannen wurkje wy oan doelen foar natuer en wetter. It giet om doelen foar it Natuurnetwerk Nederland (NNN), de Europese Kaderrichtlijn Water (KRW) en it Waterbeheer 21e eeuw (WB 21).
Lês hjir mear oer it fêststellen fan de plannen en de reaksjenota.
Wêr wurkje wy konkreet oan
Yn de 5e útfieringsmodule begjinne wy mei de ynrjochting fan de stofekken Mounleane en Beakendyk. Yn in folgjende module wurdt de ynrjochting fan stofak Heidehuizen oppakt. De ferwachting is dat dit nei 2030 wêze sil. Op it kaartsje hjirboppe sjogge jo it plak fan de stofakken en de fasearring.
Understeande ynrjochtingsmaatregels foar natuer en wetter yn de boppe- en middenrin fan it Alddjip, fiere wy út tusken 2026 en 2030:
- Goed 200 ha NNN rjochtsje wy yn ûnder de útfiering fan de 5e Utfieringsmodule. Foar de ynrjochting fan de oare 150 hektares binne wy noch yn petear mei eigeners.
- it safolle mooglik tichtmeitsje en ûndjip meitsje fan de wettergongen.
- It ferlizzen of ferpleatsen fan wettergongen en stuwen om derfoar te soargjen dat it wetter yn de omjouwing goed fuortstreamen bliuwt.
- it oanlizzen fan fiskpassaazjes en njonkenbeken om twa stuwen fispassearber te meitsjen en lokaal streaming te kreëarjen. Dat draacht by oan de doelen fan de KRW.
- It kreëarjen fan boarnegebiet en oerstreamingslaagtes om it wetter yn de beek mear romte te jaan, te bergjen en fertrage ôf te fieren nei de Fryske boezem. Dat betsjut dat it wetterpeil yn de beek omheech moat, de grûn deromhinne leger makke wurde moat en dat de beek mear bochten (meanders) krije moat.
- Om ûnferwachte effekten foar de lânbou tefoaren te kommen meitsje wy perselen heger of lizze drainaazje oan.
- It oanlizzen fan in kuierpaad en it meitsjen fan trije plakken dêr't minsken de natuer yn it beekdal belibje kinne.
Mei-inoar wurkje oan plannen
De plannen foar de boppe - en middenrin fan de beek Alddjip binne yn nauwe gearwurking mei LTO, Staatsbosbeheer, Natuurmonumenten, It Fryske Gea, Wetterskip Fryslân en gemeente Opsterlân ta stân kaam. Der binne keukentafelpetearen fierd mei belanghawwende partijen en grûneigeners. En de plannen leinen op besjen. Yn de yn de perioade organisearre de gebietskommisje Keningsdjip twa drok besochte gearkomsten en fjildeskurzjes om de plannen út te lizzen.
Foardat de wurksumheden úteinsette kinne, meitsje wy earst in útfieringsplan. Ek dêroer bliuwe we yn petear mei elkoar. It stribjen is om yn de hjerst fan 2026 útein te setten mei it útfieren fan de wurksumheden en de maatregels yn mjitbere stappen te dwaan. De ferwachting is dat alle wurksumheden fan de 5e útfieringsmodule plakfine tusken 2026 en 2030.
Ynrjochtingsplannen yn gewoane-minske-taal mei A.I.
It streekinisjatyf Opsterlân-East (SIOO) hat de ynrjochtingsplannen foar de boppe - en middenrin fan it Alddjip mei help fan AI op in kreative en begryplike wize op harren webside set: SIOO nieuws - Gebiedsontwikkeling Koningsdiep Analyse
Ynrjochtingsplannen foar gebietsûntwikkeling en de ûndersiken dy't dêrby hearre, binne faak lestich te begripen. It is in soad ynformaasje, skreaun yn fakynhâldlike taal. It SIOO hat alle ynformaasje mei help fan AI analysearre. In hiele put, mar it hat in presintaasje opsmiten mei dúdlike plaatsjes en sels in pear podcasts.
Tegearre oplûke mei de streekinisjativen
It SIOO is oprjochte troch acht boeren út de streek dy't harren ynsette foar in takomstbestindige lânbou yn it gebiet om de Duinen hinne en Tsjummearum hinne. De gebietskommisje Koningsdiep lûkt tegearre mei it SIOO op om derfoar te soargjen dat in takomstbestindige lânbou binnen de natuer-, wetter- en miljeudoelstellings fan it Keningsdjip in plak hat.
De folgjende stap
De gebietskommisje is ta oan'e folgjende stap yn it proses. Hoe sjocht dy stap derút?
- Wy sammelje alle yntsjinne reaksjes en sette dy yn in reaksjenota. Yn de reaksjenota stiet wat wy dogge mei de opmerkingen, ideeën en fragen dy't fia de sjenswizen binnenkaam binne. Dat bart anonym.
- Yn de reaksjenota stiet ek wat wy dogge mei de advizen fan de kommisje mer en de gebietskommisje Koningsdiep.
- Yn de maitiid fan 2026 stelt Deputearre Steaten de plannen fêst. Sy dogge dit mei ynstimming fan Wetterskip Fryslân.
- Sadree't it ynrjochtingsprogramma, it útfieringsplan en de reaksjenota definityf binne, meitsje wy dy iepenbier.
- Dêrnei riede Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân de útfiering ta. Sy dogge dit tegearre mei alle belutsen partijen, grûneigeners en - brûkers. De ferwachting is dat de wurksumheden fan de 5e útfieringsmodule plakfine tusken 2026 en 2030.
Hawwe jo fragen oer de gebietsûntwikkeling Keningsdjip?
Nim gerêst kontakt op mei it klantkontaktsintrum fan provinsje Fryslân, telefoannûmer 058 – 292 59 25 of provincie@fryslan.frl.
Op'e hichte bliuwe fan de ûntwikkelingen?
Jo kinne jo oanmelde foar ús digitale nijsbrief fia ûndersteande knop. Alle nijsbrieven fan de gebietsûntwikkeling stean ûnderoan dizze side.
De gebietskommisje: Wy dogge it mei-inoar
De gebietskommisje advisearret oer de ynrjochting fan it gebiet Keningsdjip en de útfiering fan it wurk. Sy dogge dat yn opdracht fan de provinsje Fryslân.
Yn de kommisje sitte fertsjintwurdigers út de omjouwing op it mêd fan lânbou, natuer, wetter en rekreaasje. Tegearre advisearje sy oer de plannen, it proses en de ynhâld.
De gebietskommisje komt meardere kearen yn it jier gear. Yn ûndersteand oersjoch kinne jo fine op hokker datums sy byinoar komme:
| Datum |
| Tongersdei 12 febrewaris 2026 |
| Tongersdei 9 april 2026 |
| Tongersdei 7 maaie 2026 |
| Tongersdei 2 july 2026 |
| Tongersdei 17 septimber 2026 |
| Tongersdei 12 novimber 2026 |
Jo kinne de aginda foar de gearkomste lêze troch op de aktuele datum yn boppesteande tabel te klikken. Mochten jo fragen hawwe of punten meijaan wolle, dan kinne jo ien fan de kommisjeleden (sjoch ûnderoan by kontakt) benaderje.
De doelen fan de gebietsynrjochting Keningsdjip
De ûntwerpplannen foar de midden - en boppeloop fan de beek Alddjip steane beskreaun yn it ûntwerp ynrjochtingsprogramma Koningsdiep en yn it konsept 5e útfieringsmodule. Wy rjochtsje 350 hektare nije natuer yn foar Natuurnetwerk Nederland (NNN). It NNN ferbynt natuergebieten mei-inoar. Sa foarmet him in keten fan grutte en lytse natuergebieten. Yn de beekdal Koningsdiep jouwe we it wetter yn de beek mear romte en ferbetterje de wetterkwaliteit. Dit soarget foar in bettere wetterhúshâlding yn de beekdelling en yn hiel Fryslân. Al dizze maatregels barre neffens de Europese Kaderrichtlijn Water (KRW) en it Waterbeheer 21e eeuw (WB 21).
It ynrjochtingsprogramma Koningsdiep hat trije wichtige doelen:
- Der komt 350 hektare nije natuer yn de beekdelling (NNN).
- De wetterkwaliteit wurdt better. Dit bart troch bochten (meanders) yn'e beek te meitsjen en twa trochgongen foar fisken (fiskpassaazjes) by de stuwen (KRW).
- De beekdelling wurdt better taret op klimaatferoaringen. Dit dogge wy troch in nij boarnegebiet oan te lizzen en oerstreamingsflaktes te meitsjen. Dit binne plakken dêr't wetter oerstreame kin yn de nije natuer lâns de beek (WB 21).
Der komme in pear foarsjenningen foar rekreaasje. Lykas it oanlizzen fan in kuierpaad en trije plakken dêr't jo de natuer mear belibje kinne. Wy wurkje der noch oan hoe't dy derút komme te sjen.
Trije ympresjes fan beekdal Alddjip
- Foto 1: Ympresje fan Beakendyk by Bakkefean, nei't de ynrjochting klear is. Dúdlik sichtber is de nije oanleine fiskpassaazje yn'e beek.
- Foto 2: Ympresje fan it nije boarnegebiet by Bakkefean yn de winter, nei't de ynrjochting klear is. Dúdlik sichtber is hoe't it wetter fêstholden wurdt yn de nije natuer.
- Foto 3: Ympresje fan it nije boarnegebiet by Bakkefean simmerdeis, neidat de ynrjochting klear is. It toant dat der yn drûgere perioaden sichtber minder wetter is.
Kontakt
Hawwe jo fragen oer gebietsûntwikkeling Keningsdjip? Nim gerêst kontakt op mei it sekretariaat fan gebietsûntwikkeling Keningsdjip. Jo kinne dat dwaan troch te beljen mei it Klantkontaktsintrum, telefoannûmer 058 - 292 59 25. Of troch in mail te stjoeren nei provincie@fryslan.frl.
Jo kinne ek fuortendaliks kontakt opnimme mei ien fan de gebietskommisjeleden:
- Jan Willem Russchen (waarnimmend foarsitter): 06 - 50 688 483
- Tineke Jagersma (foarsitter): 06 - 21 80 38 87
- Dennis Benedictus (natuer/miljeu): 06 - 12 89 20 87)
- Agaath Arends (natuer/miljeu): 0516 - 54 12 72
- Tjalling Nijboer (lânbou): 06 - 57 58 02 00
- Hendrikus van de Lageweg (lânbou): 06 – 15 21 52
- Appie Dekker (rekreaasje): 06 - 21 92 58 98
- Yep Zeinstra (provinsje Fryslân, projektlieder/sekretaris): 058 - 292 54 51
- Maarten Jan Bijl (Wetterskip Fryslân, adviseur): 06 - 23 22 84 09
- Marieke Tiekink (gemeente Opsterlân, adviseur): 0512 - 38 62 22
Om sûnensredenen is Tineke Jagersma (foarsitter fan de gebietskommisje) tydlik net by steat om it foarsitterskip op him te nimmen. Ald kommisjelid Jan Willem Russchen is waarnimmend foarsitter yn har perioade fan herstel.
Dokuminten
De 5e Utfieringsmodule en de kaarteset fan de 5e útfieringsmodule kinne opfrege wurde by it Klantkontaktsintrum fia provincie@fryslan.frl.
Ferskate eftergrûndokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.